Haadmenu iepenje

Finn of Finn Folcwalding wurdt troch guon wittenskippers beskôge as de earste kening fan de Friezen en is nei alle gedachten mear in legindaryske as in histoarysk persoan. Hy wie de soan fan Folcwalda.

Finn
Crown linear.svg ealman en/of hearsker
nasjonaliteit Friesland (kleine wapen).svg Frysk
bertedatum ?
stjerdatum ?
Kening fan de Friezen
regear ±400
foargonger Folkwalda
opfolger ûnbekend (earst bekende: Audulf)

SkiednisBewurkje

De histoaryske Finn soe oan it begjin fan de 5e iuw libbe hawwe kind, it tiidrek fan de Grutte Folkeferfarren, as in Fryske haadling en kriichsoanfierder. Syn machtsintrum lei faaks yn Eastergoa. Hy kaam om 400 hinne oan it regear, neidat de Romeinen harren weromlutsen hiene en nei de Grutte Folksferfarren, wêrby in part fan de Friezen har yn Grut-Brittanje fêstige hat. Hy rekke yn kriich mei de Juten, in oar Germaansk folk dy't har ek yn Ingelân festige hie. It is net bekend wêr de slach plak fûn.

LegindeBewurkje

Ferhalen oer Finn binne skreaun yn it Aldnoarsk, Aldgermaansk, en yn trije âlde Ingelske teksten, de Beowulf, it Finnburg Fragmint en de Widsith. It ferneamste ferhaal dêr't Finn yn foarkomt is it Finnburg Fragmint en dernei it Finn- epos yn Beowulf, wêryn de striid beskriuwd waard tusken de Denen en de Friezen en is basearre op de ferovering fan Brittanje troch de Germaanske folken.

Oare boarnen dêr't mooglik oanwizings yn steane dy't nei Finn ferwize is de Skáldskaparmál, skreaun troch Snorri Sturluson en dêr't in maliënkolder yn neamd dat Finnsleif (Inglisk: Finn's legacy) neamd wurdt en mooglik troch Finne droegen waard. Fierders wurde de nammen fan guons dy't yn de slach by Finnsburg foarkomme ek yn oare boarnen neamd, faak yn genealogyen dy't op Folkwald en Finn tsjutten as yn de Historia Brittonum. Hengest wurdt bygelyks yn ferskillende wurken neamd, mar lykwols is syn identiteit en wat er dien hat net net wis. In argumint, dy't noch hieltyd oanhingen wurdt troch sommige hjoeddeiske gelearden, is dat Finne deselde persoan is as de Anglo-Saksyske stifter fan it keninkryk fan Kent.

BoarneBewurkje