Finsintiustsjerke (Husby)

De Sint-Finsintiustsjerke (Dútsk: St.-Vincentius-Kirche of Deensk: Kirke Sankt Vincentius) is in oarspronklik oan de hillige Finsentius wijde tsjerke yn it Dútske plak Husby, in gemeente yn de lânsdouwe Angelen yn 'e kreis Schleswig-Flensburg yn Sleeswyk-Holstein. De lutherske tsjerke waard fan bewurke fjildstiennen boud. In toer ûntbriek yn it earstoan.

Finsintiustsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Sleeswyk-Holstein
plak Husby
adres Zum Dorfteich 12
koördinaten 54° 45' N 9° 34' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Ev.-Lutherske tsjerke
patroanhillige Sint-Finsintius
Arsjitektuer
boujier 1200
Webside
Hiemside tsjerke
Kaart
Finsintiustsjerke (Sleeswyk-Holstein)
Finsintiustsjerke
 
Byld fan Finsintius yn 'e tsjerke

Oan de sydkant fan it midsiuwske doarp wie in Ding, dêr't de frije manlju fan Husbyharde, in bestjoers- en rjochtsgebiet fan it hertogdom Sleeswyk-Holstein, by inoar kamen. Tichteby dit plak waard om it jier 1200 hinne in oan de Spaanske martelder Finsintius wijde tsjerke boud.

Begûn waard mei de bou fan in eastkoer mei apsis, dy't hjoeddedei net mear besteane. Dêrnei folge in breder tsjerkeskip, dêr't de sydmuorren noch altiten fan steane. De finsterbanken fan 'e beide eastlike yn 1856-1859 rekonstruearre romaanske finsters yn 'e noardlike muorre, binne dekorearre mei basreliëfs fan slangen, draken en wolven. De twa ienfâldige portalen yn it noarden en suden hawwe harren oarspronklike foarm beholden.

Yn 'e 15e iuw waard de swiere goatyske toer oanboud, de mei laai ôfdekte spits folge yn de 17e iuw. Foar it súdlike portaal waard yn 1806 in foarhal boud. De tsjerke ûndergyng yn 1786 in grutte feroaring doe't foar in eastlike ferlinging fan de tsjerke it âlde koer mei de apsis ôfbrutsen waarden. Dêrby waarden de frijkommen graniten blokken lykas ek de rûne sokkelstiennen wer op 'e nij yn de bou ferarbeide.

De eastlike neoromaanske gevel stamt út de renovaasje fan 1856-1859.

 
Oersjoch ynterieur

It hjoeddeiske ynterieur draacht it stimpel fan in renovaasje yn 1952. Doe is der in nije koerbôge boud en binne de âlde balken wer tefoarskyn helle om it midsiuwske karakter fan de tsjerke te fuortsterkjen.

Doe't de tsjerke yn 1786 ferboud waard krige de tsjerke ek in nije let-barokke alteropset. Op in beskilderde eftergrûn is tusken houtsnijwurk en pylders in foarstelling fan Kristus' krúsiging te sjen. Dêrûnder is in foarstelling fan it Lêste Jûnsmiel oanbrocht. De fjouwer ingels en de opstiene Hear, dy't ea de kroan fan it alter foarmen, binne hjoeddedei oan de muorre fan it koer te sjen.

Ut de tiid fan de bou fan de tsjerke stamt it graniten doopfont. Oan de koerbôge hinget ek út dy tiid in libbensgrut byld fan de aartsingel Michael, dy't nei alle gedachten yn de jierren 1225-1230 makke waard yn de omkriten fan Halberstadt. Oerbliuwsels fan goatyske sydalters binne de bylden fan de hillige Finsintius by de yngong en de jongfaam Marije yn de nis fan it noardlik portaal.

 
Oargel

De barokke preekstoel út 1691 is fersierd mei de bylden fan Kristus, Paulus en de evangelisten. In boerd mei houtsnijwurk oan de muorre ynformearret dat Hans Clausen út Batavia yn 1754 "ta eare fan God" 1500 Mark oan 'e tsjerke joech.

Oan de noardlike galerij binne 18e-iuwske skilderijen oanbrocht mei bibelske foarstellings.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: