Flagge fan Easterbierrum
De flagge fan Easterbierrum is de flagge fan it doarp Easterbierrum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2005 registrearre.
It ûntwerp is fan R.J. Broersma.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Yn wyt in read krús, de earmen mei in dikte fan 1/5 flaggehichte, it krús yn de broektop beselskippe fan in griene nôtier, skean pleatse folgens de flaggediagonaal, mei de stâle nei it midden fan de flagge, en yn de broekhoeke fan in blauwe bot, skean pleatse folgens de flaggediagonaal, mei de sturt nei it midden fan de flagge.
De kleuren komme út it wapen fan Easterbierrum.
Symbolyk
bewurkje seksje- Read krús: in saneamd Sint-Joariskrús, as ferwizing nei Joaris, de patroanhillige fan de Sint-Joaristsjerke fan Easterbierrum.
- Nôtier: oernommen út it wapen fan Barradiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
- Bot: ferwiist nei de lizzing fan it doarp tichtby de Waadsee.