Sint-Joaristsjerke (Easterbierrum)
De Sint-Joaristsjerke is in protestantske tsjerke yn Easterbierrum. Foar de reformaasje wie de tsjerke wijd oan Sint-Joaris. De tsjerke krige yn 2004 de âlde namme werom.[2]
Sint-Joaristsjerke (Easterbierrum) | ||
Sint-Joaristsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Easterbierrum | |
adres | Haerdawei 1 | |
koördinaten | 53° 14' N 5° 30' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Sint-Joaris | |
Arsjitektuer | ||
boujier | âldste diel 1200, toer: 16e iuw | |
boustyl | romaanske en goatyske arsjitektuer | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8637[1] | |
Webside | ||
PKN Easterbierrum-Winaam | ||
Kaart | ||
Patroanhillige
bewurkje seksjeDe hillige Joaris waard nei alle gedachten yn de 3e iuw yn Kappadoasje berne, hy ferstoar op 23 april 303 yn Lod/Israel of Nikomeedje. Neffens de oerlevering waard Joaris in martler oan it begjin fan de kristenferfolgings ûnder keizer Diokletianus (284–305). Yn Fryslân is Joaris njonken Easterbierrum ek patroanhillige fan Britswert. Sint-Joaris stiet op it wapen fan Easterbierrum en op de flagge fan it doarp stiet op in wite eftergrûn it reade Joariskrús. De toer fan de Sint-Joaristsjerke hat net lykas wenst in hoanne, mar Sint-Joaris op it hynder.
Skiednis
bewurkje seksjeDe oarspronklike tsjerke hat nei alle gedachten lytser west en wie fan dowestien boud. Fan it hjoeddeiske gebou is it westlike diel it âldst. De tichtsette romaanske finsters ferwize nei in boutiid fan it earste fearn fan de 13e iuw. Yn de earste helte fan de 14e iuw waard de tsjerke fernijd, it healrûne romaanske koer waard doe ferfongen troch in fiifhoekich goatysk koer. De tsjerke krige yn dy tiid de hjoeddeiske lingte en der waarden bakstiennen ferwulften oanbrocht. Foar de ferwulften moasten steunbearen boud wurde. Nei de foltôging waard de ferboude tjerke troch de wijbiskop fan Utert ynwijd.
Yn de 16e iuw folge noch in in ferbouwing. De muorren waarden ferhege en de stiennen ferwulften útbrutsen. Ynstee dêrfan krige de tsjerke it houten tonferwulft. Ek de yn ferbân mei it ynbringen fan de stiennen ferwulften boude steunbearen waarden ôfbrutsen. Oan de súdeastlike kant fan de tsjerke waard in sakristy oanboud, dy't yn 1709 ferfongen waard troch de konsistoarje. Fierder krige de tsjerke in nije toer mei in opmitsele spits. Dy stiennen spits waard yn 1766 ferfongen troch de houten spits fan no. Op de toer stiet in wynwizer mei de patroanhillige fan de tsjerke.
De súdlike tagong datearret fan 1701. Yn de spitsbôge is in Davidsstjer oanbrocht, mei dêryn in lytsere stjer. De neogoatyske noardlike tagong waard yn 1930 feroare.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe tsjerke hanthavene de protestantske yndieling en besit in geve ynrjochting út 1701-1714. Preekstoel, doophek, hearebanken, psalmbuorden en de banken folgje deselde styl. De frouljusbanken mei iepen rêgen steane oan de súdlike kant, de manljusbanken oan de noarlike kant. De wangen fan de frouljusbanken binne fersierd mei fykwurk.
Oant yn 1865 waard it eastlike koer troch in hek fan it tsjerkeskip skieden. Fanwegen brek oan romte moast it koerhek der oan leauwe en waard it ôfbrutsen. It koerhek gyng net hielendal ferlern, want dielen waarden wer ferwurke yn 'e bank dy't no tsjin de eastlike muorre stiet, lykas de buorden mei de Tsien Geboaden. De bank wurdt bekroand fan in ingel dy't op in bazún blaasd en in bân beethâldt mei de wurden EUANGELY (Evangeelje)
By de restauraasje fan de tsjerke yn 2002-2004 kaam ûnder de flierplanken in mozaykflier oan it ljocht mei patroanen en figurative foarstellings, dy't yn syn soarte ta de measte geve fan it lân heart. De 14e-iuwske tegelflier ferdwûn wer ûnder de planken. Ek binne der profylstiennen fûn, dy't noch fan it stiennen ferwulft stamme. Under de kalklagen binne op de muorren binne resten fan beskilderings werom fûn. In pear resten bleaune nei de restauraasje oan de súdlike muorre fan it koer sichtber, wêrûnder in wijingskrús út mooglik 1335. Ek it tonferwulft wie foar de reformaasje beskildere, mar dat waard yn 1865-1868 ferfongen troch in nij houten tonferwulft. De iken balken binne doe ferfongen troch izeren lûkstangen.
Efter de lambrisearring waard oan de noardlike kant fan it koer de piskina ûntdutsen, dy't troch in lûk te iepenjen foar it ljocht helle wurde kin. Oan de súdkant is de nis werom fûn, dêr't it liturgysk reau yn bewarre waard.
Oargel
bewurkje seksjeAl sûnt 1665 besit de tsjerke in oargel, dat boud wie troch Antoni Abbring Stint út Amsterdam. It hjoeddeiske oargel waard yn 1868 boud troch Van Dam en Soannen út Ljouwert. It oargel waard as twa manualich ynstrumint mei 19 registers op 16 febrewaris yn gebrûk nommen. De foargonger fan it oargel, in oargel fan Lambertus van Dam út 1813 mei in âldere kas út 1719 fan Jan Harmens Kamp, ferhûze doe nei de Grutte Tsjerke fan Hynljippen.
Klokken
bewurkje seksjeOant yn de 17e iuw soene der trije klokken yn de toer hongen ha. Tsjinwurdich besit de toer noch mar ien klok: in yn 1709 getten klok fan Petrus Overney.
-
Preekstoel -
Oargel -
Hearebanken -
Bank yn it koer
-
Ingel -
Frouljusbanken mie fykwurk -
Psalmboerd
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|