Flagge fan Easterlittens
De flagge fan Easterlittens is de flagge fan it doarp Easterlittens, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 2001 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
In reade broeking fan 1/3 flaggelingte, belein fan boppe nei ûnderen mei in pinning fan 1/5 flaggehichte, in pot fan 2/5 flaggelingte en in pinning fan 1/5 flaggehichte, alles fan giel; in wite flecht mei in blau Andreaskrús, wêr fan de earmen in dikte hawwe fan 1/5 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Easterlittens.
Symbolyk
bewurkje seksje- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Littenseradiel, de gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
- Gouden pot en pinningen: ferwizing nei de sêge rûn it "Pealtsje fan Easterlittens".
- Gouden pinningen: ferwiist nei de feemerk fan it foarp en op it tolhûs dy't by de krusing fan de Frjentsjerter Feart en Boalserter Feart stie.
- Andreaskrús: stiet ek symboal foar de krusing fan de twa earder neamde fearten.