Flagge fan Eastersee

De flagge fan Eastersee is de flagge fan it doarp Eastersee, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. De flagge waard yn 2006 registrearre.

Flagge fan Eastersee

De beskriuwing fan de flagge is:

In blauwe hijs fan 1/3 flaggelingte en in flecht fan trije like hege horisontale banen grien, wyt en swart.

De kleuren komme út it wapen fan Eastersee.

  • Blauwe hijs: ferwiist nei it wetter yn de omkriten fan it doarp.
  • Griene baan: ferwiist nei it agraryske karakter fan it doarp.
  • Swarte baan: ferwiist op de feangrûn en de feanterij by it doarp.
  • Wite baan: symboal foar it jild wat fertsjinne waard mei de feanterij.