Flagge fan Eastrum
De flagge fan Eastrum is de flagge fan it doarp Eastrum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Giel, in griene flechtskeanbaan mei knobbels, yn de broektop in read lizzend blok.
De kleuren komme út it wapen fan Eastrum.
Symbolyk
bewurkje seksje- Gouden fjild: oernommen út it wapen fan de famylje Mellema dat by Eastrum de Mellemastate bewenne.
- Griene skeanbalke: ferwiist nei de beamstronk út it wapen fan de famylje Mellema.
- Bakstien: stiet symboal foar de eardere stienfabryk fan Eastrum.