Flagge fan Goaiïngahuzen

De flagge fan Goaiïngahuzen is de flagge fan it doarp Goaiïngahuzen, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. De flagge waard yn 2016 registrearre.

Flagge fan Goaiïngahuzen

De beskriuwing fan de flagge is:

Trije banen blau, giel en grien; de giele baan hoekich mei trije hoeken en in hichte fan 1/3 flaggehichte en belein mei trije reade pompeblêden; de giele baan begjinnend op 1/6 en de bauwe baan op 7/12 fan de flaggehichte.

De kleuren komme út it wapen fan Goaiïngahuzen.

  • Blauwe baan: symboal foar it wetter.
  • Giele baan: symboal foar it hea.
  • Griene baan: symboal foar it gês.
  • Hoeken: symboalen foar de kearslûsen yn de Goaiïngahúster Sleat en de Modderige Bol.
  • Pompeblêden: stiet foar de wetterrike omkriten fan it doarp.