Flagge fan Nes (Noardeast-Fryslân)
De flagge fan Nes is de flagge fan it doarp Nes, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Broekskean ferdield yn de foarm fan twa flechtskean ôfkearde tulpen fan it ien yn it oar, fanôf de broek read-wyt.
De kleuren komme út it wapen fan Nes.
Symbolyk
bewurkje seksje- Tulp: ferwiist nei de oanwêzichhyd fan de tulp yn it bysûndere ûleboert mei seehynders dy yn it doarp foarkomt.