Flagge fan Sweagerfean

De flagge fan Sweagerfean is de flagge fan it eardere doarp (no part fan Kollumersweach) Sweagerfean, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1976 registrearre.

Flagge fan Sweagerfean

De doarpsflaggen fan 14 doarpen yn Kollumerlân en Nijkrúslân binne yn de jierren 1969/70 makke yn oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk en de hearen Minnema, Keune en Offringa, leden fan de Kommisje Geakunde fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn de ûntwerp perioade hawwe de bestjoeren fan de Pleatslik Belang-organisaasjes yn elk fan de doarpen, de ûntwerpen besprutsen, en goedkart of ôfwiisd, yn it lêste gefal waard in nij ûntwerp oanbean.

De beskriuwing fan de flagge is:

Trije banen grien en giel, wêr fan de hichten sich ferhâlde as 1:2:1, mei oer it midden, op de hichte fan 1/6 en op de hichte fan 1/3 fan de flaggehichte, neist mekoar, trije swarte rjochthoeken.


De kleuren komme út it wapen fan Sweagerfean.

  • Swarte blokken: stie foar trije turfen as ferwizing nei it diel "fean" yn de plaknamme.