Flagge fan Tsjerkwert
De flagge fan Tsjerkwert is de flagge fan it doarp Tsjerkwert, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.
It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.
By gemeentlik beslút fan 19 april 1955 is in flagge fêststeld foar de 27 doarpen fan de eardere gemeente Wûnseradiel.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Besteande út twa diagonale flakken yn it grien en wyt linksskeand, mei yn it wyt in read pompeblêd, oan de mestside toant in blauwe fertikale baan mei dêryn in wyt blokje.
De kleuren komme út it wapen fan Tsjerkwert.
Symbolyk
bewurkje seksje- Pompeblêd: oernommen út it wapen fan Tsjerkwert, ferwiist nei de eardere marren yn de omkriten fan it doarp.
- Fersmelde flagge: flagge fan Wûnseradiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.