Fledder[1] (Nederlânsk en offisjeel: Vledder) is in iesdoarp[2] yn it súdwesten fan Drinte yn de gemeente Westerfjild (Westerveld). Yn it hjoeddeiske doarp wenje in lytse 2000 ynwenners. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1998 wie Fledder in selsstannige gemeente fan sa'n 3500 ynwenners. Ta dy gemeente hearden neist Fledder de doarpen Fledderfean, Wilhelminaoard, Doldersum, Boschoord, Frederiksoard en Nijensleek.

Lizzing Westerveld
Himrik fan Fledder

Fledder hat, lykas in soad oare Drintsje brinkdoarpen, een lange skiednis. Yn de omkriten fan Fledder binne ferskate grêfheuvels en urnefjilden fûn út de nije stientiid. Der binne meardere prehistoaryske fynsten dien lykas stienen bilen, barnstien en urnen.

De namme Fledder tsjut op in wiet plak. De twa âldste strjitten fan it doarp lizze sa ek om leger plak dat eartiids nochal wiet wie. It doarp hat twa brinken, dy't yn de folksmnûle de grutte en de lytse brink neamd wurde. Krekt as by alle esdoarpen, leit net fier fan it doarp in beek, de Fledder Aa. It Fledderfjild efter de ies is no in boskwachterij fan Steatsboskbehear. By dit Fledderfjild wie fan 1939 - 1981 in kamp, Kamp Fledder.

De Johannes de Dopertsjerke is ien fan de pear Drintske doarpen mei in tsjerke mei in sealdaktoer. Dat hat te krijen mei de lizzing fan Fledder frij ticht by de Fryske grins dêr't dit type tsjerketoer folle mear foarkomt.

Yn it doarp binne in oantal musea: in museum foar falske keunst en foar grafyk en in skulpemuseum (Miramar Seemuseum). Fiif kilometer fan Fledder leit it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. Ek stiet yn it doarp in nôtmooltsje.

De fuotbalferiening fan Fledder hjit BEW (blau en wyt), oprjochte yn 1951.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven.
  2. Bijhouwer J.T.P. (1977). Het Nederlandse Landschap. Amsterdam: Kosmos.