Misjonarishâlding

(Trochferwiisd fan Flinterhâlding)

De misjonarishâlding is in sekshâlding wêrby't de ûntfangende sekspartner op 'e rêch leit mei de skonken spraat, wylst de penetrearjende sekspartner der boppe-op leit. Dizze hâlding is it bekendst fan faginale seks, mar kin ek brûkt wurde foar anale seks of tribadisme. De misjonarishâlding is wrâldwiid de gebrûklikste hâlding foar it hawwen fan seksuele omgong. De namme, dy't yn 'e 1960-er jierren ynboargere rekke, berêst nei alle gedachten op in fersin fan 'e Amerikaanske seksuolooch Alfred Kinsey.

De misjonarishâlding.

It sizzen is dat de term 'misjonarishâlding' te krijen hat mei kristlike misjonarissen, dy't har bekearlingen opdroegen om inkeld op dizze wize seksuele omgong te hawwen, mei't se de hûntsjeshâlding as "dierlik" beskôgen. De misjonarishâlding soe boppedat de 'natuerlike wrâldoarder' werjaan, mei de man yn in liedende posysje boppe-op en de frou yn in tsjinjende posysje ûnderoan. It is lykwols folle wierskynliker dat de term 'misjonarishâlding' ûntliend is oan it non-fiksjeboek Sexual Behavior in the Human Male (1948) fan 'e Amerikaanske seksuolooch Alfred Kinsey. Dyselde soe de oantsjutting yn syn wurk opnommen hawwe troch misbegryp en misynterpretaasje fan histoaryske dokuminten oangeande de bekearing ta it kristendom fan 'e bewenners fan 'e Tobriandeilannen yn Papoea Nij-Guineä.

 
De flinterhâlding op in skilderij fan Édouard-Henri Avril.

Kinsey skreau op basis fan it wurk The Sexual Lif of Savages in North-Western Melanesia fan Bronisław Malinowski dat de Tobriandeilanners "frijwol universerseel" in oare sekshâlding brûkten (de hûntsjeshâlding) en dat se de gek hiene mei de hâlding dy't de misjonarissen propagearren, dy't se dêrom oantsjutten as de 'misjonarishâlding'. Taalkundigen en seksuologen hawwe lykwols út 'e tiid foar de publikaasje fan Kinsey syn wurk nearne dy oantsjutting weromfine kinnen.

Yn 2001 die Robert J. Priest yngeand ûndersyk nei de oarsprong fan 'e term. Syn konklúzje wie dat Kinsey it wurk fan Malinowski net goed lêzen hie en boppedat betize hie mei syn eigen kennis en oannames. Malinowski skreau yndie dat de Tobriandeilanners de gek hiene mei de misjonarishâlding, dy't by harren yntrodusearre wie troch Westerlingen. Op in oar plak neamde er dat er ris in ferloofd pearke inoars hân fêsthâlden seach, wat de Tobriandeilanners misinari si bubunela neamden, "dwaan sa't de misjonarissen dogge". Kinsey kombinearre dy feiten mei syn eigen wittenskip dat de Roomsk-Katolike Tsjerke yn 'e Midsiuwen de misjonarishâlding útdroegen hie, en naam oan dat it de misjonarissen de misjonarishâlding op 'e Tobriandeilannen yntrodusearre hiene.

Neiere beskriuwing

bewurkje seksje

De misjonarishâlding is wrâldwiid foar minsken de meast foarkommende lichemshâlding om seksuele omgong te hawwen. Hoewol't de hâlding ek brûkt wurde kin foar omgong tusken twa homoseksuele manlju of twa lesbiënnes, sil hjirnei foar de ienfâld de penetrearjende sekspartner de man neamd wurde en de ûntfangende sekspartner de frou.

 
In tuskenfoarm fan 'e misjonarishâlding en de flinterhâlding op in akwarel fan Johann Nepomuk Geiger.

By de misjonarishâlding leit de frou op har rêch mei de skonken wiid, wylst de man boppe-op har leit en mei syn penis by har fagina binnenkringt. Hy stipet dêrby op syn knibbels en syn hannen, dy't er njonken har holle pleatst, of oars rêst syn folle gewicht op har. Dizze hâlding is dêrom net gaadlik as de frou swier is. Fierders is de man beheind yn syn fermogen om 'e erogene sônes fan 'e frou te stimulearjen, lykas har boarsten, spiennen en klitoris. Dat feroaret by de flinterhâlding, in fariant wêrby't de man rjochtop stiet, wylst de frou noch altyd op har rêch leit. De man hoecht himsels dan net te ûnderstypjen en hat de hannen frij. Wol is der dan ferlet fan in bêd of tafel mei likernôch mulshichte. Dêrfoar kinne mooglik ek kjessens brûkt wurde om 'e posysje fan 'e frou op te heegjen.

De frou kin har skonken op ferskillende manearen hâlde. Se kin se wiid útinoar sette mei de fuotsoallen op 'e ûndergrûn (de flier of it bêd). Se kin se ek heger hâlde, los fan 'e ûndergrûn. Dêrby kin se bygelyks de man oanfiterje troch him mei har hakken tsjin 'e stuten oan te triuwen of te skoppen. Ek kin se de ankels efter syn mul kruse. As se linich is, kin de frou de skonken ek noch heger hâlde; guon froulju kinne de ankels yn 'e eigen nekke lizze. Al dy ûnderskate hâldings jouwe wer ferskillende drukpunten en wriuwingsgebieten by de penetraasje fan 'e fagina. En wat heger de frou har skonken hâldt, wat djipper de man by har binnenkringe kin.

Behalven foar faginale seks kin de misjonarishâlding ek brûkt wurde foar anale seks tusken in man en in frou of tusken twa homoseksuele manlju. Ek tribadisme tusken twa lesbyske froulju kin yn dizze hâlding dien wurde; dêrby wriuwe de froulju harren fulva's tsjininoar oan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.