Hûntsjeshâlding

De hûntsjeshâlding (Coitus a tergo), ek bekend as "op syn hûntsjes" en mei in lienwurd út it Ingelsk as doggy style (ek stavere as doggie style), is in sekshâlding wêrby't de iene sekspartner foaroer bûcht en ornaris op hannen en knibbels sitten giet, wêrnei't hy of sy foar seksuële mienskip fan efteren penetrearre wurdt troch de oare sekspartner. De term wurdt ek wol brûkt (mar wie oarspronklik net bedoeld) foar hâldings wêrby't de earste sekspartner steande foaroer bûcht of op syn of har búk leit. Yn 'e hindoeïstyske tekst de Kama Sutra wurdt de hûntsjeshâlding omskreaun as de 'kowehâlding' of 'de mienskip fan 'e ko'. Yn it âlde Rome stie de praktyk bekend as coitus more ferarum, Latynsk foar "seksuële mienskip op 'e wize fan 'e wylde bisten". In ôfwikende fariant fan 'e hûnstjeshâlding is de lizzende hûntsjeshâlding. Fierders wurdt leppeltsje-leppeltsje ek wol beskôge as in "kantele" foarm fan 'e hûntsjeshâlding.

De hûntsjeshâlding.

Neiere beskriuwing

bewurkje seksje

Yn 'e mande mei de leppelhâlding en de omkearde cowgirlhâlding is de hûntsjeshâlding in posysje dy't penetraasje fan efteren talit. Yn 'e hûntsjeshâlding kin men sawol faginale seks as anale seks bedriuwe, en ek binne oare, net-penetrative of ûnfolsleine foarmen fan seks yn dizze hâlding mooglik, lykas fingerjen, orale seks of it ynbringen fan in dildo, fibrator of oarsoartich seksboartersguod. De sekspartner dy't de hûntsjeshâlding (op hannen en knibbels) oannimt, is yn 'e regel de passive partner, wylst de oare de aktive rol op him of har nimt. De aktive partner kin dêrby dejinge yn 'e hûntsjeshâlding (en tagelyk ek him- of harsels) behalven mei penetraasje ek stimulearje troch it betaasten of massearjen fan erogene sônes as de geslachtsdielen, de stuten, de boarsten of de spiennen, of troch ien of mear klappen op 'e stuten te jaan.

Foar- en neidielen

bewurkje seksje
 
De lizzende hûntsjeshâlding.

In foardiel fan 'e hûntsjeshâlding is dat dizze posysje foar beide partners minder ynspannend is as in soad oare sekshâldings. Dêrom jouwe lju mei rêchproblemen of oare medyske swierrichheden der faak de foarkar oan. Froulju fiele har faak tige kwetsber as se de hûntsjeshâlding oannimme, wat foar guon opwinend is, wylst it oaren ôfskrikt. Foar guon froulju wurdt troch faginale penetraasje yn 'e hûntsjeshâlding it G-plak stimulearre. Oan 'e oare kant bliuwt de klitoris yn 'e dizze seksposysje frijwol ûnstimulearre, of it moat wêze dat it skroatum fan 'e manlike partner der by it ynstjitten tsjinoan slacht. Faak moat in frou sels of moat har partner foar har de klitoris mei de hân stimulearje om har yn 'e hûntsjeshâlding in orgasme berikke te litten. Fierders fine in soad minsken (benammen froulju, mar ek wol manlju) de hûntsjeshâlding ûnromantysk om't der gjin of mar amper eachkontakt of tútsjen by mooglik is.

Lizzende hûntsjeshâlding

bewurkje seksje

De lizzende hûntsjeshâlding is in ôfwikende fariant fan 'e hûntsjeshâlding, wêrby't de frou of de ûntfangende sekspartner plat op 'e búk leit, wylst de man of de penetrearjende sekspartner boppe-op har lizzen giet. Dêrby kin de frou har skonken wiid spriede en man syn skonken tusken harres yn lizzen hawwe, mar de frou kin ek de skonken byinoar hâlde, wylst de man syn skonken oan wjerskanten fan harres hâldt. Om penetraasje makliker te meitsjen kin men in kjessen ûnder it bekken fan 'e frou lizze, sadat har efterst mear omheech komt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.