Foarbeatsjerke oan de Nerl

De Tsjerke fan 'e Foarbea fan 'e Mem Gods (Russysk: Церковь Покрова на Нерли; Tserkov Pokrova na Nerli) oan 'e Nerl is in midsiuwske russysk-otterdokse tsjerke op oardel kilometer ôfstân fan Bogoljûbovo yn 'e oblast Vladimir, likernôch 13 kilometer noardeastlik fan 'e âlde haadstêd Vladimir.

Foarbeatsjerke oan de Nerl

Церковь Покрова на Нерли

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Vladimir
plak Bogoljûbovo
koördinaten 56° 11' N 40° 33' E
Arsjitektuer
boujier Healwei de 12e iuw
monumintale status UNESCO-wrâlderfgoed
Kaart
Foarbeatsjerke oan de Nerl (Jeropeesk Ruslân)
Foarbeatsjerke oan de Nerl

Opdrachtjouwer foar de bou fan 'e tsjerke wie Andrej Bogoljûbsky, dy't de bynamme Andrej de Fromme hie. Neffens guon boarnen waard de tsjerke boud ta oantinken fan Andrej's oerwinning op 'e Bulgaren en syn soan Izjaslav, dy't by de slach mei de Bulgaren omkaam. De krekte boutiid fan 'e tsjerke is net bekend.

Oarspronklik wie de Foarbeatsjerke de katedraal fan in lyts, fersterke kleaster, yn 'e bocht dêr't de Nerl yn 'e Kljazma streamd. De Foarbeatsjerke waard boud yn leechlân, yn 'e greide en stiet op in troch minsken opsmiten likernôch 23 m² grutte heuvel fan 3 meter heech, dêr't ek de oare kleastergebouwen op stiene. It kleaster waard yn 1764 opheft en om't der net in soad gebrûk mear fan 'e âlde katedraal makke waard, woe de abt fan it Bogoljûbov-kleaster (dêr't de tsjerke oan tawiisd wie) de tsjerke ôfbrekke om it frijkommen boumateriaal te brûken foar de bou fan in nije klokketoer fan it kleaster. De tastimming foar de ôfbraak waard jûn, mar it jild ûntbriek en dêrmei kaam der fan 'e ôfbraak neat mear telâne.

Yn 1992 waard de tsjerke as ûnderdiel fan 'e Wite Monuminten fan Vladimir en Sûzdal ynskreaun yn 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed. De tsjerke wurdt beheard troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke en it Iepenloftmuseum fan Vladimir-Sûzdal. It gebiet dêr't de tsjerke op stiet is in beskerme natoergebiet.

Arsjitektuer

bewurkje seksje
 
De psalmist kening David.

It ienkoepelige monumint mei fjouwer pylders waard boud fan wite kalkstien. De ferhâldings fan 'e tsjerke binne mei sin langer makke om in slankere yndruk te jaan, alhoewol't dat late ta in ynterieur dat eins te tsjuster wie om der noch tsjinsten fiere te kinnen.

 
Loftfoto fan de tsjerke.

De tsjerke is al dy iuwen lang net in soad feroare. Allinne de foarm fan 'e koepel waard yn 'e 19e iuw wat oars. De galerijen,dy't yn de 12e iuw tafoege en yn de 18e iuw op 'e nij boud waarden, binne yn 'e 19e iuw ôfbrutsen. De bûtenmuorren fan 'e tsjerke binne noch jimmeroan dekorearre mei de bas-reliëfs út de 12e iuw. Sintraal persoan yn 'e komposysje op 'e trije gvels is kening David, dy't op 'e troan sit mei syn rjochter hân in segenjend gebeart makket en yn syn lofter hân de harp hâldt. Oare dekoraasjes stelle liuwen, fûgels en maskers fan froulju foar.

De oarspronklike fresko's binne by de renovaasje fan 1877 hielendal ferlern gien.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Покрова на Нерли