Foarstreek (Ljouwert)
De Foarstreek is in strjitte en teffens grêft yn it sintrum fan Ljouwert. De Foarstreek bestiet út twa gedielten, fan elkoar skieden troch wetter. It iene gedielte rint fanôf it Hoeksterpaad oant de Minnemastrjitte en giet oer yn de Kelders. It oare stik rint fan it Hoeksterpaad oant de Kuormakkersstrjitte en giet oer yn Oer de Kelders. Sydstrjitten fan de Foarstreek binne de Widestege, Nijbuorren, Dûbele Piip, Amelânshof, Amelânsstrjite, Tunen, Sakremintsstrjitte, Keningsstrjitte en Wuttelhaven. De strjitte is ûngefear 410 meter lang.
Histoarje
bewurkje seksjeEartiids stie oan de Foarstreek it Camminghahûs, letter meast Amelânhûs neamd. De eigeners wiene nammentlik ek frij- en erfhear fan It Amelân. [1] Dit pân gie ferlern troch brânstifting. Oan de Foarstreek stie ek it destiidske Sint Bonifatius Hospitaal. De Akademy Vredeman de Vries, of Akademy foar Byldzjend Keunstûnderwiis 'Vredeman de Vries', wie in keunstakadeemje dy 't ûnder oaren oan de Foarstreek sitten hat. It Diakonessehûs siet ea oan de Foarstreek, mar fêstige him om 1894 oan de Noardersingel. Yn 2013 waarden yn it eardere 'Kafee Benthem' foarôfgeand oan in renovaasje it treptoer en houtwurk yn de dakkonstruksje fûn út de lette midsiuwen[2].
Monuminten
bewurkje seksjeOan de Foarstreek steane in tal ryksmonumintale gebouwen wêrûnder út 1905 de Sintrale Apteek (Jugendstil) op nûmer 58.
-
Foarstreek 11
-
Foarstreek 26
-
Foarstreek 34
-
Brêge de Fiskmerkpiip oer Foarstreek mei sydstrjitte de Wuttelhaven
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|