Fokker 50


Rol Ferkearsfleantúch
Makker Fokker
Untwerper Fokker
Earste flecht 28 desimber 1985
Yn tsjinst 1987
Ut tsjinst n.f.t.
Tal makke 213 (1987-1996)
Grutste brûkers VLM Airlines, Denim Air
Virgin Australia Regional Airlines
Farianten Sjoch tekst

De Fokker 50 is in twamotorich passazjiersfleantúch foar sa'n 50 passazjiers. It tastel waard boud troch it Nederlânsk fleantúchfabryk Fokker; it wie de opfolger fan de Fokker F27 Friendship.

Oerdracht 1e Fokker 50 oan DLT West-Dútslân

De Fokker 50 - de namme fan it tastel is ôflaat fan de passazjierskapaciteit - makke op 28 desimber 1985 syn earste proefflecht en fleach yn july 1990 foar it earst foar de KLM. Totaal binne der 213 F50's makke, it lêste tastel waard yn 1997 ôflevere nei't Fokker al fallyt gien wie.[1]

Yn desimber 2012 wiene noch 129 fan de 213 makke F 50's yn aktive tsjinst.[2]

Oarspronklik tocht Fokker dat de F27 Friendship oant ein 20e iuw produsearre wurde koe, mei ferbetterings yn stappen sadat it tastel modern bliuwe soe oant de produksjeline sletten wurde soe. Begjin jierren '80 die Fokker in stúdzje nei in útfiering mei in nije motor, de F27RE (RE= re-engined) ferzje. De ûntwikkeling fan in ferzje mei allinnich in nije motor gie lykwols net troch, meidat de loftfeartmaatskippijen dêr gjin ferlet fan hiene.

Dat at Fokker de nijste technology ynsette woe en de konkurrinsje byhâlde woe, moast der in folslein nij tastel komme. Mei projekt P335 waard de bou fan de Fokker 50 oan 'e gong brocht. Op it earste gesicht likje de Fokker 50 tastellen in protte op de Fokker F-27 wêrfan't se mei de F-60 Utility de opfolgers binne. Lytse ferskillen oan de bûtenkant binne it lâningsgestel, de ramen (net mear ovaal), de langere motorgondels en de propellers mei seis blêden. Lykas ek de F27 binne de Fokker 50 en 60 heechdekkers, wat as foardielen hat dat de laadflier flakker is en dat der mear romte is tusken de turbopropmotors en de grûn. Dat lêste makket de kâns op it opsûgjen fan smoargens yn de motors of it skansearjen fan de propellerblêden op rûge lâningsbanen lytser.

Nije materialen en nije technyk

bewurkje seksje
 
De seisblêdige propeller fan de Fokker 50 soarge mei foar minder leven yn de kabine

Fokker hie in primeur yn de fleantúchbou mei it tapassen fan komposytmaterialen op primêre, dragende dielen fan de konstruksje. Oant dat ta waard dat allinne dien yn de sekundêre, net dragende parten fan it tastel. Soksoarte materialen dy't tapast waarden wiene aramide en glêsrizel. Aramide waard brûkt yn de rompnoas, foarrâne fan de fleugel, delen van het kylflak en de rêchfin, de flierren en de floeistikken tusken fleugel en romp. Glêstried waard brûkt yn de motorgondels en de sturt.

In grut ferskil mei de F27 en oare propellerfleantugen út dy tiid is ek it folle legere lûdsnivo yn de kabine. Dit waard berikt troch:

  • De propeller mei koartere blêden makke de ôfstân fan de tip mei de kabine grutter, de belêsting it blêd waard lytser en de grûnfrekwinsje waard heger.
  • In tige sekuer fasesyngroanisaasje systeem makke dat it lûd fan de linker en rjochter propeller elkaar foar in part opheffe.
  • De trillingsdôvers op de romp, ôfstimd op presys 102 Hz.
  • In kompleet sletten en goed ôffearre kabine-ynterieur (de sydwanden, bagaazjebakken en plafond), sadat in dûbele wand konstruksje ûntstiet dy't it oerbringen fan lûd ferleget.
  • In stil airconditioningsysteem.

Foar de bou fan de Fokker 50 waard troch Fokker oparbeide mei:

De Fokkerbedriuwen yn Dordrecht, Papendrecht, Ypenburg, Hegefean, Woensdrecht en Skiphol-East wurken ek oan it tastel.

  • Fokker 50
  • Fokker 50 High Performance
  • Fokker 50 Utility
  • Fokker 50 Maritime Mk.2
  • Fokker 50 Maritime Enforcer
  • Fokker 50 Sacred Crow (ien, foar in partikulier)
  • Fokker 50 Freighter
  • Fokker 60
  • Fokker 60UTA-N
  • Fokker 60 Utility [3]

Twadde libben

bewurkje seksje

Anno 2014 is de Fokker 50 as ferkearsfleantúch ferâldere, mar it tastel bliuwt belanstelling foar om reden fan de koarte lâningsbaan dêr't er mei ta kin en de fier út elkoar steande lâningstsjillen. Itselde jilde oars foar de F27. Ombou ta frachtfleantúch jout it type sadwaande in twadde libben. Dat bart bygelyks by Aircraft Conversions op Skiphol-East. Der wurde yn sa'n gefal laaddoarren foar yn de romp en efter de fleugel oanbrocht. De frachtkapasiteit is 7700 kg.[4]

Technyske gegevens

bewurkje seksje
 
Cockpit fan in Fokker 50
 
Passazjierskabine Fokker 50
Fokker 60UTA-N[5]
Bemanning 3
Kapasiteit (payload) 60 passazjiers of 7325 kg fracht
Langte 28,87 m
Spanwiidte 29,0 m
Hichte 8,32 m
Fleugeloerflak 70 m²
Gewicht leech 13,375 t
Maks. startgewicht 22,95 t
Krúsfaasje 471 km/o
Heechste faasje 532 km/o
Tsjinstplafond 7600 m
Fleanberik 2400 km
Oandriuwing twa turboprop Pratt & Whitney Canada PW127B fan 2050 kW it stik

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. KLM neemt afscheid van Fokker 50, NU.nl, 27 maart 2010
  2. ch-aviation.ch – Aircraft
  3. De Fokker 60 Utility is in mei 1,62 meter ferlingde fariant fan de Fokker 50, ornearre as frachtfleantúch. Der binne mar fjouwer fan makke, dy't troch de Keninklike Loftmacht yn gebrûk naam waarden.
  4. Het Parool 7 maaie 2014
  5. FliegerRevue, 2/2008, S. 67, ISSN|0941-889X