Fokker F27

(Trochferwiisd fan Fokker F-27)
Fokker F27 "Friendship"


Rol Passazjiersfleantúch, frachtferfier, troepeferfier
Makker Fokker (bedriuw)
Untwerper Cees van Meerten
Earste flecht 24 novimber 1955
Yn tsjinst Juny 1958
Ut tsjinst n.f.t.
Tal makke 786 (1958 - 1986)
Brûkers Sjoch kaart
Farianten Sjoch tekst

De Fokker F27 "Friendship" is in passazjiersfleantúch dat ûntwurpen en boud is troch it Nederlânske fleantúchfabryk Fokker. Mei 793 tastellen, is it it bêst ferkochte West-Jeropeeske turboprop-passazjiersfleantúch fan alle tiden. It tastel waard ek yn lisinsje boud troch de Amerikaanske fleantúchmakker Fairchild.

De Fokker Friendship waard yn 1954 troch Fokker syn haadkonstrukteur Cees van Meerten ûntwurpen, as ferfanger foar de Douglas DC-3. Der waard keazen foar in heechdekker mei twa Rolls-Royce Dart motors en in drukkabine foar 28 passazjiers. It earste prototype, de PH-NIV, makke op 24 novimber 1955 syn earste flecht. It twadde prototype en teffens earste produksjemodel, wie benei in meter langer, meidat it earste prototype sturtlêstich blykte. It het langere tastel koe ek 32 minsken mear meinimme. Fierders foel de kar op Dart Mk 528 motors.

De propeller mei fjouwer blêden fan de F27 waard makke troch Dowty Rotol. De earste ferzjes hiene in rûn útein. Letter waard in stompe tip tapast om mear fermogen te krijen, mar dy makke mear leven. Om it lûd fan de propeller yn de kabine te ferleegjen brocht Fokker tuned vibration absorbers oan op de spanten fan de fleanmasine.

In protte romp- en fleugeldielen fan de Friendship waarden makke út ferlime aluminium sandwich-konstruksjes; yndertiid in revolúsjonêre menier om it gewicht leger te hâlden. Der waarden gjin klinkneils mear brûkt. De ûntjouwing fan de F27 koste doetiidsk 30 miljoen gûne, dat foar in part oan Fokker liend waard troch de Nederlânske Steat.

De earste ferzje fan de Friendship, de F27-100, koe 44 passazjiers meinimme en waard yn septimber 1958 as earste oan Aer Lingus levere. Rillegau kaam ek in ferzje mei Dart Mk 532 motors út, de F27-200. It bekendste type Friendship is de F27-500. De romp waard nochris langer makke sadat it tastel doe 52 passazjiers ferfiere koe. Der waard wer keazen foar Dart Mk 528 motor. Dy ferzje fan de F27 fleach fan novimber 1967 ôf oan.

Yn 1956 joech Fokker de Amerikaanske fleantúchbouwer Fairchild in lisinsje om it tastel yn de Feriene Steaten te meitsjen. Op 12 april 1958 wie de earste flecht mei de Fairchild F-27. Fairchild ûntwikkele letter sels in langere ferzje, de Fairchild F-227.

Fan de Friendship waarden totaal 786 stiks boud (206 troch Fairchild). De F27 is dêrom it meast súksesfolle West-Jropeeske turboproppassazjiersfleantúch ea. It waard tige populêr yn de Tredde Wrâld, om't it tastel gaadlik foar lytse net-befluorre start- en lâningsbanen wie en in breed lâningsgestel hie. Iere jierren tachtich waard de opfolger foar de Friendship betocht, de Fokker 50.

It Aviodrome yn Lelystêd hat it tredde tastel dat makke waard, en besit ek parten fan it prototype. Yn it Militêre Loftfeart Museum yn Soesterberg stiet in F27-300M Troopship. De F27 Friendship Association kocht yn 1995 de 'F-3', in prototype dat omboud waard ta ferkearsfleantúch en yn 1958 yn tsjinst kaam fan de Dútske LTU. It tastel stiet yn it Aviodrome, mar is net fleanree. In oare Friendship, de F-5, waard yn 2004 kocht yn Austraalje en makket sûnt 2005 omflechten. It is de âldste Fokker F27 dy't noch fleant.

Op 5 maaie 2006 waard bekend dat de Friendship keazen wie ta it Beste Nederlandse Design. It tastel krige 1844 fan de 5649 útbrochte stimen yn de fan de Premsela Stichting en NRC Handelsblad útskreaune wedstriid.

 
F27-300 mei Rolls-Royce Dart motor
  • F27-100 - it oarspronklik type, mei 44 sitplakken
  • F27-200 - mei Rolls Royce Dart Mk 802 motors
  • F27-300M - "Troopship" (foar de Keninklike Loftmacht)
  • F27-400 - "combi" mei Dart12 motorn en in frachtdoar
  • F27-400M - "Troopship"
  • F27-500 - langere ferzje, mei 52 stuollen
  • F27-500F - modifisearre F27-800 mei gruttere doarren, ûntwurpen foar Austraalje
  • F27-600 - frachtferzje fan de F27-200
  • F27-700 - frachtferzje fan de F27-100 mei grutte frachtdoar
  • F27 Maritime - patrûljefleantúch foar de marine
  • F-27, F-27A, F-27B, F-27F, F-27J en F-27M, boud troch Fairchild
  • FH-227, FH-227B, FH-227C, FH-22D, FH-227E, ferlingde ferzje, ûntwikkele en boud troch Fairchild

Technyske gegevens

bewurkje seksje
 
Ekstreem lege pass by fan in F27-300M "Troopship"
 
F27 brûkers. Ljocht blau: sivyl gebrûk. Donkerblau: sivyl en militêr gebrûk. Read: alinne militêr gebrûk

Foar de F-27-200:

  • Fabrikant: Fokker
  • Langte: 23,5 m
  • Spanwiidte: 29,0 m
  • Fleugeloerflak: 70.00 m2
  • Maks. gewicht by de start MTOW: 19.050 kg
  • Maks. krúsfaasje: 483 km/o
  • Klimfaasje: 7,37 m/s
  • Fleanberik: 1.468 km
  • Tsjinstplafond: 9935 m
  • Oandriuwing: 2 × Rolls-Royce Dart-Mk528-Turboprops

Keppelings om utens

bewurkje seksje