Hoogeveen

(Trochferwiisd fan Hegefean)

Hoogeveen (Nedersaksysk: 't Ogeveine of 't Oveine) is in plak yn it suden fan de Nederlânske provinsje Drinte, mei 39.900 ynwenners (2021).It plak is it haadlak fan de gemeente Hoogeveen. De gemeente hat in oerflak fan 129,00 km² (wêrfan 1,58 km² wetter). De gemeente Hoogeveen waard yn syn hjoeddeistige foarm oprjochte yn 1998, troch de fúzje fan de eardere gemeente Hoogeveen mei in stikmannich gebietsdielen fan reedlike grutte fan sân omlizzende gemeenten.

Hoogeveen
Sintrum fan Hoogeveen
Sintrum fan Hoogeveen
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Hoogeveen
Sifers
Ynwennertal 39.900 (2021)[1]
Oerflak 57,03 km²
Befolkingsticht. 635 /km²
Oar
Ferkearsieren A28 A37 N48
spoarline Meppel-Grins
Postkoade 7901 - 7909
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 43' NB, 6° 28' EL
Hoofdstraatkerk
Hoofdstraatkerk
Riedhûs
Riedhûs
Kaart
Hoogeveen (Drinte)
Hoogeveen
Kaart
Sintrum fan Hoogeveen
Kaart fan Hoogeveen
Dizze side giet oer it plak Hoogeveen. Foar de gemeente dêr't it plak it haadplak fan is, sjoch: Hoogeveen (gemeente).

De skiednis fan Hoogeveen begjint sa'n bytsje yn 1551 mei de beskriuwing fan it fean yn de hjoeddeiske gemeente. Dat jier kocht Reinold fan Burmania en syn frou de saneamde Meppenske Feanen, se súdeastlike helte fan de gemeente. Yn 1625 ruile Roelof van Echten in gebiet fan 2000 moargen foar taseine tsjinsten mei de boeren fan Steenbergen en Ten Arlo. It gebiet wie earder eigendom fan de Hear fan Ruinen. Yn 1631 waarden beide gebieten meiïnoar foege en sette de skiednis fan de feanterij út ein. Dêrfoar waard de Kompanjy fan 5000 Moargen oprjochte.

Yn 1625 waard de Hoogeveense Vaart groeven, en waard begûn mei de turfwinning yn de Echtenske Feanen. Yn die tiid ûntstie de stêd Hoogeveen as Nie-Echten, op it krúspunt fan twa feanfearten. De turf waard doe nei Meppel ferfierd. Dwers op it kanaal waarden op in ôfstân fan 160 meter fan inoar lytsere kanalen groeven, de saneamde wiken. Dy ôfstân wie foar in arbeider genôch om mei in kroade fol turf te sjouwen. Sa ûntstie der in ruster fan inoar krusende kanalen.

Hoogeveen waard yn 1636 stifte troch twa ynvestearders út Leien. Op it wichtichste krúspunt, it Krús, fêstigen al rillegau winkels, feanters, rintmasters en ambachtslju. Earstoan hie it plak ferskate nammen: Hooch Echten, Nieuw Echten en Echten's Hoogeveen. Al gau prate men fan Hoogeveen en dy namme waard dan ek oanholden. It plak hearde yn dy tiid ta de marke fan Steenbergen en Ten Arlo.

Hoogeveen bleau noch in lange tiid in feankoloanje. Yn 1811 telde de gemeente 4794 ynwenners, yn 1840 wiene der 7339 en yn 1874 10.763 ynwenners. Oan 'e ein fan de njoggentjinde iuw waard turf minder wichtich en waarden lânbou, feetylt en yndustry wichtiger. Op 1 maaie 1870 waard de spoarline Meppel-Grins iepene en waard Hoogeveen ferbûn mei it spoar. Wichtige fabriken út dy tiid binne de Koöperative Suvelfabryk, hjoed-de-dei DOC-Kaas, de blikfabryk Drenthina (letter in part fan Thomassen & Drijver-Verblifa, tsjintwurdich Ardagh Metal Packaging) en de konserven- en djipfriezerfabryk Lukas Aardenburg (Iglo-produkten), letter part fan Unilever.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie it ferset tige warber yn Hoogeveen.

Nei de Twadde Wrâldkriich waarden de measte kanalen tichtmakke. Dêrtroch ûntstiene lange, brede, rjochte diken dy't gaadlik foar it grutte ferkear wiene. Bedriuwen lykas Philips, Fokker en Standard Electric fêstigen harren yn it plak. Ek rjochte Jan Kip Kip Caravans op yn Hoogeveen. De ekonomy krige in grutte oantrún en Hogeveen wie foar in skoftke de hurdst waaksende gemeente fan boppe de 20.000 ynwenners fan Nederlân. Om it grutte waaksen fan de befolking op te fangen, waarden de grutte nijbouwiken oanlein. Yn de tachtige jierren wie it sa'n bytsje dien mei de groei. Ynstee fan de earder ferwachte 100.000 ynwenners om 1990 hinne, bleau it tal ynwenners om de 45.000 hinne. Troch in gemeentlike weryndieling dêr't inkelde doarpen oan de gemeente taheake waarden en it oanlizzen fan nijbouwyk De Erflanden, woeks it ynwennertal letter ta likernôch 55.000.

Hjoed-de-dei hat Hoogeveen in soad stedske foarsjennings, om't dy yn it lanlike gebiet ûntbrekke. Hoogeveen hat in grut winkeloanbod en hat in reedlik grut wurkgelegenheid yn de yndustry. Hoogeveen skaaimerket him as in plak mei ferskate tsjerklike streamings.

Oare plakken

bewurkje seksje

It plak Hoogeveen is it haadplak fan de gemeente mei deselde namme. Oare plakken yn de gemeente binne: Elim, Fluitenberg, Hollandscheveld, Nieuw Moscou, Nieuweroord, Nieuwlande, Noordscheschut, Pesse, Stuifzand en Tiendeveen.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • It sintrum, benammen om it âlde Krús (krusende kanalen), binne der noch âlde hûzen mei moaie gevels.
  • De Grutte Tsjerke oan de Grote Kerkstraat fan 1651, foltôge yn 1664
  • Joadske begraafplakken oan Van Echtenstraat, fan 1725 en oan de Zuiderweg fan 1829
  • Riehûs Hoogeveen
  • Nôtmûne De Zwaluw oan de Van Echtenstraat
  • De Synagoge oan de Schutstraat
  • De Remonstrantske Tsjerke oan de Grote Kerkstraat
  • Vincent van Gogh-hûs, dêr't Vincent van Gogh inkelde wiken út-fan-hûs west hat
  • Hoofdstraatkerk
 
Stasjon Hoogeveen

By Hoogeveen is it Knoopunt Hoogeveen fan de A28, A37 en N48. Hoogeveen hat in tal op- en ôfritten op dy snelwegen. Hoogeveen hat goede ferbinings nei Swol, Emmen, Assen, Grins en Ljouwert.

Hoogeveen leit oan de spoarline fan Meppel-Grins. Op 1 maaie 1870 waard Stasjon Hoogeveen iepene. It hjoeddeiske stasjonsgebou komt fan 1984 en is ûntwurpen troch arsjitekt Cees Douma.

Hoogeveen hat ek in fleanfjild: Fleanfjild Hoogeveen, dy't mear foar rekreaasje ornearre is, mar ek wol foar sakefljochten.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hoogeveen fan Wikimedia Commons.
  Hoogeveen  
Doarpen:
AlteveerElimFluitenbergHoogeveenHollandscheveldNieuw MoscouNieuweroordNieuwlandeNijstadNoordscheschutPesseStuifzandTiendeveen
  ·   ·