Haadmenu iepenje
Fokker F.XXII

Fokker F22 ABA 2.jpg

Rol Passzjiersfleantúch
Makker Fokker
Earste flecht 1935
Yn tsjinst
Ut tsjinst 1947
Tal makke 4
Brûkers KLM, AB Aerotransport Scottish Aviation / RAF
Fokker F.22 Lapland fan de ABA
De Lapland fan ABA fan efteren sjoen

De Fokker F.XXII (as Fokker F.22) wie in troch Fokker yn de jierren tritich ûntwurpen en boude passazjiersfleanmasine. De F.XXII wie in fjouwermotorige heechdekker. De masine koe maksimaal 22 passazjiers meinimme (dêrfandinne de namme).
De F.XXII wie feitlik in ferlytse Fokker F.XXXVI en waard op de tradysjonele Fokkerwize boud, mei in houten frame beklaaid mei kanvas en sûnder ynklapber lâningstsjellen. Troch it fêsthâlden oan dat konsept ferlear Fokker syn liedende rol yn de bou fan ferkearsfleanmasines. De grutste konkurint fan dit tastel wie de folle modernere fan aluminium makke Douglas DC-2.

Ynhâld

Skiednis fan de fjouwer F.XXII'sBewurkje

Der binne troch Fokker fjouwer F.XXII's boud, trije foar de KLM en ien foar ABA. De PH-AJQ "Kwikstaart", ien fan de F.XXII's fan de KLM, ferûngemakke op 14 july 1935 op de lineflecht fan Amsterdam (oer Hamburg en Kopenhagen) nei Malmö krekt bûten Skiphol, mar trije moannen nei ôflevering. Fan de 20 minsken yn it tastel oerlibben 14 persoanen de ramp. De oan ABA levere F.XXII "Lapland" makke yn juny 1936 troch in fersin fan de piloat in mislearre lâning op it fleanfjild fan Malmö. Der foelen gjin deaden, mar it tastel gie ferlern.

Twa Fokker F.XXII's en de F.XXXVI waarden koart foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch ferkocht oan Grut-Brittanje. De "Roerdomp" bedarre by de British American Air Service en de "Papegaai" kaam yn tsjinst fan Scottish Aviation. It wie de bedoeling de trije fleantugen yn te sette op de nachtline Edinburgh-Glasgow-Londen, mar dat gie net troch út reden fan de oarloch. Ynstee waarden de tastellen brûkt as fleanende klaslokalen yn tsjinst fan de Royal Air Force-oplieding foar navigators. Op 3 july 1943 verongelukte de "Roerdomp" toen er tijdens de vlucht brand uitbrak. De "Papegaai" wie op dat stuit al net mear te brûken fanwege in motorbrân op 3 april 1943, mar waard nei de oarloch wer oerdroegen oan Scottish Aviation. Dy knapte it tastel wer op en naam it op 18 oktober 1946 yn tsjinst as ferkearsfleanmasine. Hy wie beskildere as ien fan Scottish Airlines, mar hierd troch British European Airways (BEA). It tastel fleach oant augustus 1947 op de rûte Prestwick-Belfast. Dêrna waard it Nederlân oanbean, mar dat waard ôfwiisd út reden fan jildkrapte en brekme oan opslachromte.

SpesifikaasjesBewurkje

Algemien
  • Bemanning: 2
  • Passazjiers: 22
  • Lingte: 21,52 m
  • Spanwiidte: 30 m
  • Hichte: 4,60 m
  • Fleugeloerflak: m2
  • Gewicht leech: 8.100 kg
  • Gewicht fol: 13.000 kg
  • Oandriuwing: 4 × 9-sylinder radiaalmotors Pratt & Whitney Wasp T1D1, 500 hk it stik
Prestaasjes
  • Heechste faasje: 285 km/o (177 mph)
  • Krúsfaasje: km/o
  • Tsjinstplafond: 4.900 m
  • Fleanberik: 1.350 km

[1]

BibliografyBewurkje

  • R.de Leeuw, Fokker Commercial Aircraft. 1994, Fokker, De Haach
  • A.J. Jackson, British Civil Aircraft since 1919 diel 2, 1974, Putnam, Londen, ISBN 0-370-10010-7

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The Illustrated Encyclopedia of Aircraft (Part Work 1982-1985), 1985, Orbis Publishing, s. 1895/6