Formaasje fan Appelskea
De Formaasje fan Appelskea of Appelskea Formaasje (sic, ôfkoarting: AP) is in geologyske formaasje yn de ûndergrûn fan it noarden en easten fan Nederlân. De formaasje is neamd nei Appelskea en bestiet út fluviatyl sân en grind út it Bavelien en Ier-Cromerien (1,03 oant 0,6 miljoen jier âld, Ier en Midden Pleistoseen; "preglassiaal"). De formaasje komt amper oan it oerflak, útsein op plakken dêr’t de ûndergrûn troch gletsjers yn it Saalien of Elsterien is opdrukt is ta kearwâllen of dêr’t sâltdiapieren de sediminten fan ûnderen opheech drukt hawwe.
Litology
bewurkje seksjeDe Formaasje fan Appelkea bestiet út pakketten sân en grind, mei ferskillende kerrelgruttes, fan frij fyn sân oant bytiden tige grou grind. Soms kommme tinne leechjes klaai of liem foar. De klasten komme út boarnegebieten yn Sintraal-Europa, lykas it Thüringer Wâld, en oanfierd troch in ferdwûne rivierrin dy’t de Eridanos neamd wurdt.
In de formaasje wurdt ien laachpakket ûnderskieden: it Laachpakket fan Weerdinge, dat bestiet út grou sân.
Stratigrafy
bewurkje seksjeDe Formaasje fan Appelskea leit boppe-op de (âldere) Lagen fan Hattem, dy’t hearre by de Formaasje fan Peize. Dizze formaasje bestiet út ek út it easten oanfierd fluviatyl sân mei grind. It ûnderskied tusken de twa formasjes wurdt makke op mineraalynhâld. It boarnegebiet fan de sediminten út de formaasje fan Peize (it Baltysk gebiet) lei boppedat noardkliker as dat fan dy út de Formaasje fan Appelskea.
Meastal leit de formaasje ûnder de jongere, ek fluviatile formaasjes fan Urk en Sterksel, wêrfan it sedimint in súdliker oarsprong hat en oanfierd waard troch de Ryn.
De Formaasje fan Appelskea komt oerien mei de Yarmouth Roads Formaasje yn de ûndergrûn fan de Noardsee.
Relaasje mei net mear brûkte ienheden
bewurkje seksjeDizze formaasje komt gedieltlik yn it plak fan de Formaasje fan Ynskedee[1]. De Lagen van Hattem[2] dy’t earder ta de Formaasje fan Ynskedee rekkene waarden, binnen o by de ûnderlizzende Formaasje fan Peize yndield. Fierders wurde de ôfsettingen út de eardere Mingsône dy’t ta de Formaasje fan Urk hearden no as Laachpakket fan Weerdinge by de Formaasje fan Appelskea yndield.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|