Fort Riley
Fort Riley is in basis fan it Amerikaanske Leger yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Kansas, dy't oan 'e rivier de Kansas leit, tusken de plakken Junction City en Manhattan yn. De basis beslacht in oerflak fan 407 km² yn Geary County en Riley County, en omfiemet twa doarpen (census-designated places): Fort Riley-Camp Whiteside en Fort Riley North, dat ek wol Custer Hill neamd wurdt. Oerdeis hat de basis in befolking fan krapoan 25.000 minsken, dy't lykwols net allegear ek op it terrein fan 'e basis wenje, sadat de befolking nachts lytser is.
Fort Riley | ||
militêre basis | ||
It haadkertier fan Fort Riley. | ||
algemiene ynformaasje | ||
type basis | legerbasis | |
besit fan | Amerikaanske Leger | |
ôfdieling | Am. 1e Ynfanterydifyzje | |
stifting | 1853 | |
geografy | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Kansas | |
county | Riley en Geary | |
oerflak basis | 411,7 km² | |
hichte | 399 m | |
koördinaten | 39°5′18″ N 96°48′51″ W | |
neiste plak | Junction City | |
oar | ||
tiidsône | UTC –6 | |
simmertiid | UTC –5 | |
webside | www.riley.army.mil | |
kaart | ||
Lokaasje yn Kansas.
|
Skiednis
bewurkje seksjeFort Riley is ferneamd nei generaal-majoar Bennett C. Riley, de befelfierder oer de earste militêre eskorte oer it Santa Fe Trail, ien fan 'e rûtes dy't Amerikaanske kolonisten út it Easten yn 'e njoggentjinde iuw brûkten om de westkust te berikken. It fort waard yn 1853 stifte as in militêre foarpost dy't it Amerikaanske Leger brûke koe om tafersjoch te hâlden oer de trektocht fan kolonisten yn 'e rjochting fan it westen fia it Oregon Trail en oare rûtes, en om harren te beskermjen tsjin oanfallen fan 'e Yndianen.
Nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wie Fort Riley fan 1867 oant 1875 ien fan 'e wichtichste bases foar de Komantsjekampanje, tsjin 'e Komantsjen. Fan 1866 oant 1873 wie yn it fort it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer legere, dat hjirwei yn 1868 it Bloedbad oan de Washita oanrjochte ûnder de Súdlike Sjajinnen. Yn 1887 waard yn Fort Riley de praktykskoalle foar kavalerytaktyk fan it Amerikaanske Leger fêstige. Tusken 1886 en de 1930-er jierren wiene ek de ferneamde Amerikaanske 9e en 10e Kavaleryrezjiminten ferskate perioaden yn it fort legere, dy't folslein út Afro-Amerikanen bestiene, de saneamde 'bizonsoldaten' (Buffalo Soldiers).
Under de Earste Wrâldoarloch waard Fort Riley sterk útwreide en waard 8 km eastlik fan it haadgebou in nij kantonnemint oanlein mei de namme Camp Funston. Der leine yn dy tiid 50.000 soldaten yn Fort Riley, en de basis wie ien fan 'e begjinpunten fan 'e pandemy fan 'e Spaanske gryp yn Noard-Amearika. Under de Twadde Wrâldoarloch waarden 125.000 Amerikaanske soldaten yn Fort Riley treend foar't se nei it front yn Jeropa of de Stille Oseaan stjoerd waarden. Fan 1955 oant 1996 wie op 'e basis de Amerikaanske 1e Ynfanterydifyzje legere, ek wol bekend as Big Red One (omreden fan it difyzje-ynsinje, dêr't in grutte reade 1 op stiet). Fan 1999 oant 2006 lei de 24e Meganisearre Ynfanterydifyzje yn Fort Riley, mar yn augustus 2006 kearde de Big Red One der werom út Dútslân wei.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|