Frâns Holwerda
Frâns Holwerda (Ljouwert, 17 maart 1938 - dêre, 12 juny 2000) wie in Nederlânske dichter, skriuwer en literêr kritikus, dy't yn it Frysk publisearre. Dêrneist wy hy belutsen by ferskate Fryske literêre tydskriften en organisaasjes.
Libben
bewurkje seksjeFrâns Holwerda groeide op by de Burgumerdaam by Burgum. Nei de legere skoalle yn Sumar en de HBS yn Drachten folge te hawwen studearre er sosjale geografy en skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins. Oant syn pinsjoen wie hy de ôfdielingsdirekteur fan de hafû fan skoallemienskip "De Delta" (tsjintwurdich: Piter Jelles Aldlân) yn Ljouwert.
Yn it earstoan wie Holwerda benammen ynteressearre yn de Nederlânske, Dútske en Spaanske literatuer, syn ynteresse foar de Fryske literatuer kaam earst op lettere leeftyd. Hy folge in oantal skriuwkursussen by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD, sûnt 2002 Tresoar) yn Ljouwert en publisearrre pas op 50-jierrige leeftyd foar it earst. Hy wie redaksjelid fan it Fryske literêre tydskrift De Strikel, it Skriuwerskalinderboek en meiwurker oan De Strikelboekjes. Ek wie hy redaksjelid fan De Oesdrip en wie hy in skoft sekretaris fan It Skriuwersboun. Dêrneist wie hy bestjoerslid fan de FLMD en lid fan de Koperative Utjouwerij.
Holwerda publisearre gedichten yn de Lyrische Courant, de Skriuwerskalinder, Operaesje Fers, Hjir en Trotwaer. Yn 1997 ferskynde syn ienichste dichtbondel, Wâldmanshikke. Oer dizze gedichten, wêryn't de leafde in grutte rol spilet, ferklearre Holwerda sels dat se beynfloede wienen troch Adriaan Morriën en Rogi Wieg.
Op 12 juny 2000 (Pinkstermoandei) is Holwerda hommels op 62-jierrige leeftiid yn Ljouwert ferstoarn.
Wurk
bewurkje seksje- 1997: Wâldmanshikke (gedichtebondel)
- 2000: Snapshots: oantinkens oan W.F. Hermans as dosint wis- en natuerkundige ierdrykskunde 1956-1960, yn It is net mear wat it ea west hat: bydragen oan 25 jier gedachtewikseling yn de SSN.
Priis
bewurkje seksje- 1993: Twadde priis yn de skriuwwedstriid om De Gouden Pen fan de Stichting Literêre Aktiviteiten It Hearrenfean, foar it ferhaal De soan fan Doris Day
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|