Frânske Dom (Berlyn)
De Frânske Dom (Dútsk: Französischer Dom) heart ta de wichtichste toeristyske trekpleisters fan Dútslân's haadstêd Berlyn. De tsjerke stiet oan de Gendarmenmarkt yn de eardere foarstêd Friedrichstadt yn it Berlynske Ortsteil Mitte. Foar de Frânske Dom oer stiet de Dútske Dom.
SkiednisBewurkje
Tusken 1780 en 1785 waard oan de al besteande Frânske Friedrichstadttsjerke in koepeltoer mei portico's oanboud. Dizze Friedrichstadttsjerke wie tusken 1701 en 1705 foar de ± 6.000 grifformearde flechtlingen út Frankryk, de hugenoaten, oprjochte. Model foar dizze Frânske tsjerke stie de ferwoastge hugenoatentsjerke fan Charenton-Saint-Maurice yn Frankryk.
De nije koepeloanbou krige de namme Frânske Dom, mar it wurdt Dom hold hjir gjin ferbân mei de funksje fan de tsjerke. It is dus gjin haadtsjerke fan in bisdom, mar it slacht hjir op it Frânske wurd dôme, dat koepel betsjut. Itselde jildt ek foar de op de súdlike kant fan de Gendarmenmarkt steande Dútske Dom. Ek by de Dútske Dom waard, tagelyk mei de Frânske Friedrichstadtkirche, earst in tsjerke boud (dy't doedestiids de namme Neue Kirche droech).
It wie de prusyske kening Freark II dy't yn 1795 oan de tsjerken twa, hast identike, tuorren mei portico's oanbouwe liet. De tuorren hiene fierder gjin oare funksje dan de Gendarmenmarkt in mear stêdeboukundich oansjen te jaan. Model foar de koepeltuorren stiene de twillingtsjerken oan it Piazza del Popolo yn Rome en it boukompleks fan Greenwich Hospital yn Londen fan de Britske arsjitekt Christopher Wren. De foarmjouwing fan de beide tuorren stiet yn de tradysje fan it palladianisme en nimt ynfloeden oer fan de doe ek boude Eglise Sainte-Geneviève yn Parys, it tsjintwurdige Panthéon, fan Jacques-Germain Soufflot. De boumasters fan de beide tuorren wiene Carl von Gontard en Georg Christian Unger.
GebrûkBewurkje
Foar de bou fan de Frânske Dom waard it tsjerkhôf fan de hugenoatengemeente opjûn. Yn ruil hjirfoar krige de tsjerklike gemeente it rjocht om de nijbou foar altiten om 'e nocht te brûken. Eigner is lykwols de stêd Berlyn. Yn de 19e iuw wiene yn de toer twa wenten foar it tsjerkepersoaniel en in skoalle ûnderbrocht. Oan de noarlike kant wie de skoalle foar jongens, oan de súdlike kant in skoalle foar famkes mei elk seis lokalen en in wenning fan de haadmaster.
De Frânske Dom waard yn de Twadde Wrâldkriich op 7 maaie 1944 ferneatige. Tusken 1977 en 1981 waard de tsjerke wer opboud. Yn it ramt fan it 750-jierich bestean fan Berlyn koe de rekonstruearre toer, mei op in hichte fan 40 meter in balustrade, in restaurant op de fjirde ferdjipping, in klokkespul mei 60 klokken en it Hugenoatenmuseum, wer iepene wurde.
Sûnt 1935 is der yn de Frânske Dom in Hugenoatenmuseum fêstige, dat nei de Twadde Wrâldkriich sûnt 1956 ek wer yn de foar de helte ferwoastge toer besocht wurde koe. It museum waard yn de tiid fan de weropbou tydlik sletten en fan 1983 oant 1987 yn de ûndertsjerke fan de yn 1983 wer opmakke Frânske Friedrichstadttsjerke ûnderbrocht. Nei de oarlochsskea fan de Friedrichstadttsjerke yn 1944 tsjinne de toer ek as tsjerke. De tsjinsten fan de Frânsk-protestânske gemeente fûnen oant de weropbou fan de tsjerke yn in seal yn it midden fan de toer plak.
Yn 1998 waard it restaurant yn de toer sletten. Fan 2004 oant 2006 fûn oan it eksterieur fan de dom in seis miljoen euro kostende renovaasje plak. Yn it ramt hjirfan waarden 18 fan de brûnzen klokken reparearre of nij getten.
Keppeling om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|