Frédéric Bastet

Frédéric Louis Bastet (Haarlim, 20 septimber 1926 - Oegstgeest, 29 juny 2008) wie in Nederlandse archeolooch, skriuwer, essayist, dichter en biograaf.

Frédéric Bastet yn 1987

Bastet stiet bekend as in grutte Louis Couperus-saakkundige, oer wa't er yn 1987 in biografy it ljocht sjen litten hat. Foar syn essayistyske oeuvre krige Bastet yn 2005 de P.C. Hooft-priis.

Bastet studearre klassike talen en archeology oan de Ryksuniversiteit Leien. Yn 1958 promovearre er ta doktor yn de Letteren op in dissertaasje mei de titel De datum van het grote hypogaeum bij de Porta Maggiore te Rome. Fan 1966 oant 1976 wie er heechlearaar klassike archeology oan deselde universiteit. Hy waard opfolge troch dr. H.A.A.P. Geertman. Nei syn professoraat waard Bastet konservator fan de klassike ôfdieling fan it Ryksmuseum fan Aldheden.

Neist syn wittenskiplike arbeid skreau Frédéric Bastet biografyen, biografyske romans, fiksje, essay- en dichtbondels. Syn essays wjerspegelje in grutte kennis fan de Aldheid mar hy skreau en oer literatuer en muzyk.

Bibliografy (karút) bewurkje seksje

  • De aardbeving (1959, proazadebút)
  • Gedichten (1960, poëzijdebút)
  • Mr. Carel Vosmaer. Zijn achtergronden, zijn reizen, zijn tijdgenoten, zijn invloed (1967, debút as biograaf)
  • Wandelingen door de antieke wereld (fiifdielige rige mei in protte keunsthistoaryske beskôgings):
    • Duizendjarig dolen (1978)
    • Het maansteenrif (1979)
    • Naar paleizen uit het slik (1983)
    • De rest schuilt onder 't kruid (1985)
    • De horizon voorbij (1987)
  • Louis Couperus. Een biografie (1987)
  • Helse liefde. Biografisch essay over Marie d'Agoult, Frédéric Chopin, Franz Liszt, George Sand (1997)
  • De kat uit de boom. Haarlemse herinneringen (1998)
  • De grote wandeling (2005)
  • Twee vrouwen en een gorilla (2005) (Utjeft by gelegenheid fan de útrikking fan de P.C. Hooftpriis)
  • Twee gedichten (2005) (gedichten)
  • De kat uit de boom (2005)
  • Kwadraat en cirkel (2007)

Prizen bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje