Francisca Ravestein
Francisca Ravestein (Leien, 26 oktober 1952 - Pijnacker, 7 jannewaris 2024) wie in Nederlânsk politika foar Demokraten 66 (D66).
Francisca Ravestein | ||
politikus | ||
echte namme | Francisca Ravestein | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 26 oktober 1952 | |
berteplak | Leien | |
stjerdatum | 7 jannewaris 2024 | |
stjerplak | Pijnacker | |
partij | D66 | |
lid gemeenteried fan Rotterdam | ||
amtsperioade | 1988 - 1998 | |
lid Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 1998-2002 | |
Wethâlder fan Renkum | ||
amtsperioade | 2004 - 2006 | |
waarnimmend boargemaster fan Beverwyk | ||
amtsperioade | 2007 – 2008 | |
boargemaster fan Opsterlân | ||
amtsperioade | 2008-2014 | |
foargonger | Sicko Heldoorn | |
opfolger | Ellen van Selm | |
boargemaster fan Pijnacker-Nootdorp | ||
amtsperioade | 2014-2022 | |
foargonger | Rik Buddenberg | |
opfolger | Björn Lugthart |
Wurkpaad
bewurkje seksjeFan 1978 oant 1987 wie Ravestein fysioterapeute yn Rotterdam. Yn 1987 waard se beliedsmeiwurker fan de D66-fraksje yn de Twadde Keamer. Itselde jier naam sy ek in funksje as fysioterapeute oan op in skoalle foar sike bern yn Rotterdam. Fan 1988 oant 1998 siet hja yn de Rotterdamske gemeenteried. Yn 1998 waard se keazen as Twadde Keamerlid. Dêr wie syn fral dwaande mei Romtlike Oardening en Monumintesoarch. Ek siet sy yn de parlemintêre enkêtekommissy Boufraude, mar moast út dy kommysje wei doe’t sy yn 2002 net opnij yn de Twadde Keamer keazen waard.
Nei it keamerlidmaatskip wie sy saaklik lieder fan operaselskip 'Hollands Diep' en manager ynternasjonale kontakten fan de Ynternasjonale Arsjitektuer Biënnale yn Rotterdam. Fan 2004 oant 2006 wie Ravestein wethâlder yn Renkum en fan 2007 oant 2008 waarnimmend boargemaster fan Beverwyk. Yn 2008 waard se beneamd as boargemaster fan Opsterlân, dêr't sy Sicko Heldoorn opfolge dy't boargemaster fan Assen wurden wie. Fan 2014 oant jannewaris 2022 wie se boargemaster fan Pijnacker-Nootdorp. Yn jannewaris 2022 is sy ophâlden as boargemaster fan Pijnacker-Nootdorp.
Francisca Ravestein ferstoar op 7 jannewaris 2024, yn 'e âldens fan 71 jier. [1]
Underskiedingen
bewurkje seksje- Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau (9 april 1998)
- Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau (27 juny 2002)
- Wolfert fan Borselenpeinje, gemeente Rotterdam (1998?)
- Lid fan Fertsjinste, Nederlandse Basketball Bond (2020)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|