Francisco Boix
Francisco Boix Campo, Katalaansk: Francesc Boix i Campo (Barselona, 31 augustus 1920 - Parys, july 1951) wie in Spaanske fotograaf, dy't yn de Spaanske boargerkriich tsjin Franco as frontfotograaf meifocht en letter troch de Dútske besetter fanút Frankryk nei it konsinstraasjekamp Mauthausen deportearre waard, dêr't er de befrijing oerlibbe. Boix slagge der yn om yn syn kamptiid yn Mauthausen negativen fan foto's fan it kamp te bewarjen, dy't by de Neurgenberger prosessen tsjinnen as bewiis tsjin nazy's en kriminelen, dy't harren skuldich makke hiene oan kriichmisdieden.
Libben
bewurkje seksjeNei de oerwinning fan de Franquisten yn de maitiid fan 1939 flechte Boix nei Frankryk, dêr't er him oansleat by it Frânske Frjemdlingenlegioen en it Frânske leger en yn 1940 troch de Dútsers finzen nommen waard. Boix kaam earst yn de kamp Le Vernet telâne en letter waard er yn Septfonds ynternearre. Nei syn frijlitting sleat er him mei oare Spaanske bannelingen by it ferset tsjin de nazy's oan. Noch yn itselde jier waard Boix yn de Fogezen arrestearre en op 27 jannewaris 1941 nei Mauthausen deporterre, dêr't er ien fan de likernôch 7.000 Spaanske finzenen wie.
Doe't Boix by de SS-Erkennungsdienst yn it fotolaboratoarium twangarbeid ferjochte wist er negativen fan foto's fan it kamp foar ferneatiging te behoedzjen troch se te ferstopjen en se út it kamp te smokkeljen. De foto's joegen in byld ûnder hokker omstannigheden de finzenen libje en wurkje moasten en fermoarde waarden. Under de foto's wiene guon dy't it bewiis foarmen dat bekende lieders fan it Tredde Ryk, lykas Albert Speer en Ernst Kalenbrunner, in besite brochten oan it kamp en de groeve Wienergraben.
Boix waard nei de Twadde Wrâldkriich troch de Frânske oanklager yn de Neurenberger prosessen tsjin de wichtichste kriichsmisdiedigers oproppen om by foto's te tsjûgjen dy't troch SS-ers yn Mauthausen makke wiene. Boix tsjûge ek yn de militêre Amearikaanske rjochtsaak yn Dachau tsjin 61 kriminelen fan it kamp Mauthausen.
Doe't de Amerikanen op 5 maaie 1945 yn Mauthausen oankammen, wachte Francisco Boix de soldaten op mei in Leica-kamera, dy't er fan de SS ôfnommen hie. Mei de kamera liet er de befrijing fan it kamp fêstlizze. Ek lei er it ferhoar mei de kampkommandant Franz Ziereis fêst, dy't op de flecht arrestearre en dêrnei nei it kamp werom brocht waard.
Tusken 1945 en 1951 wurke Boix as in fotograaf by de Frânske pers, benammen foar de krante l'Humanité, dy't oan de Frânske Kommunistyske Partij liearre wie.
Boix ferstoar op 7 july 1951 yn 'e âldens fan 30 jier troch nierfalen en ynearsten yn Thiais begroeven en letter op it Père Lachaise byset.
Films
bewurkje seksjeDe Spaanske regisseur Llorenç Soler brocht yn 2002 in dokumintêre ûnder de titel Francisco Boix, un fotógrafo en el infierno (Francisco Boix, in fotograaf yn 'e hel) út. Op 26 oktober 2018 gyng de Spaanske film El fotógrafo de Mauthausen fan Mar Targarona yn premjêre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Francisco Boix
|