Francisco de Zurbarán
Francisco de Zurbarán (Fuente de Cantos, Badajoz, 7 novimber 1598 - Madrid, 27 augustus 1664) wie in keunstskilder fan 'e Spaanske Gouden Iuw fan de keunsten; syn wurk wurdt ta de barok rekkene.
Hy is foaral bekend om syn religieuze skilderijen mei ôfbyldingen fan muontsen, nonnen en martelders, en om syn stillibbens. Zurbarán krige de bynamme "Spaanske Caravaggio" fanwegen it krêftich tapassen fan clair-obscur dêr't er yn útblonk.
Styl
bewurkje seksjeIt is net witten oft Zurbarán de gelegenheid hân hat om de skilderijen fan Caravaggio te sjen, mar syn wurk hat wol in ferlykber gebrûk fan clair-obscur en tenebrisme (dramatyske beljochting). De skilder dy't neffens guon keunsthistoarisy de grutste ynfloed op syn strange komposysjes hie wie Juan Sánchez Cotán. Polychrome byldhoukeunst - dy't yn Sevilla yn de tiid fan Zurbaráns leartiid in nivo fan ferfining berikt hie dat dat fan de lokale skilders te boppe gie - soarge foar in oar wichtich foarbyld foar de jonge keunstner; benammen it wurk fan Juan Martínez Montañés leit ticht by dat fan Zurbarán.
Zurbarán skildere syn figueren rjochtstreeks út de natoer. Hy hie in bysûndere jefte foar it skilderjen fan, foaral wite, draperyen; de huzen fan de wytreade kartuzers binne sadwaande ek rynsk oanwêzich yn syn skilderijen. Hy soe syn hiele, oars bloeiende, karriêre fêsthâlde oan deselde wurkwize op in pear útsûnderingen nei. Zubaratáns súkses bleau folslein beheind ta Spanje.
De lette wurken fan Zurbaran, lykas de Sint Franciscus (1658-1664; Alte Pinakothek) litte de ynfloed fan Bartolomé Murillo en Titiaan sjen yn harren lossere pensielgebrûk en sêftere kontrasten.
Utstallingen
bewurkje seksjeZurbarán wie it ûnderwerp fan in grutte útstalling yn 1987 yn it Metropolitan Museum of Art yn New York , dy't yn 1988 nei Galeries nationales du Grand Palais yn Parys reizge. Yn 2015 presintearre it museum Thyssen-Bornemisza yn Madrid Zurbarán nochris.
Galery
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Francisco de Zurbarán fan Wikimedia Commons. |