Caravaggio (skilder)
Caravaggio folút Michelangelo Merisi da Caravaggio (Amerighi da Caravaggio, yn de provinsje Bergamo, 29 septimber 1571 — Porto Ercole, no de gemeente Monte Argentario, 18 july 1610), wie in Italjaansk keunstskilder út de Barok.
Biografy
bewurkje seksjeMichelangelo Merisi waard berne yn it Noard-Italjaanske plakje Caravaggio ûnder Bergamo. Op 30 septimber 1571, de dei nei syn berte, is syn namme yn it doopboek fan de Milaneeske parochy fan Santo Stefano yn Brolo byskreaun. Dêr lieten heit ‘Fermo Merixio’ en mem ‘Lutia de Oratoribus’ harren soantsje ‘Michel angelo’ dope. Doe't er alve wie waard er wees en gie er yn Milaan yn de lear by de keunstskilder Simone Peterzano.
Yn 1593 gie Caravaggio nei Rome dêr't er de assistint fan de maniëristyske keunstskilder Giuseppe Cesari waard. Caravaggio mocht as learling fan Cesari foaral fruit en blommen tekenje en begûn syn karriêre as skilder fan stillibbens.
Hy krige lykwols al rillegau omtinken fan wichtige opdrachtjouwers, sa as kardinaal del Monte dêr't er religieusk wurk, mar ek tige sensuele, homo-eroatyske Bacchusfigueren foar makke. De krêft en de emosjonaliteit fan syn, net al te ferfine en net sochte maniëristyske wurk, makken fan him ien fan de meast ynfloedrike en wurdearre keunstners fan syn tiid. Fan 1600 oant 1606 wie er de ferneamdste keunstner fan Rome.
Caravaggio's koarte libben wie oan ien tried wei fol fan skandalen. Caravaggio wie in hjitholle en nige nei selsferneatiging sadat er yn Rome faak mei justysje yn oanrekking kaam. Nei't er in tsjinstanner yn in swurdfjochterij deadien hie yn 1606, it gie om it ferdigenjen fan in frou, flechte er Rome út. Nei in skoft yn Napels west te hawwen, bedarre er op Malta, dêr't er hospitaalridder by de Maltezer oarder waard. Hy skildere der in monumintaal wurk oer de moard op Johannes de Doper. Mar ek in Malta kaam er yn de finzenis te lâne, omdat er in hospitaalridder útskeld en krinke hie. Hy ûntkaam lykwols en flechte nei Sisylje, dêr't er in jier bleaun.
Uteinlik stoar er op in strân net fier fan Rome, wierskynlik oan malaria of in grypfirus, sa earm as in lús. De frijskatting fan straf foar deaslach hie him doe noch net berikt. Carel van Mander skreau oer dizze eksintrike persoan: "Hij bewoog zich met veel tamtam, zijn zwaard op de heup en een knecht achter zich, van het ene bal naar het andere, altijd klaar voor een gevecht of een ruzie, waardoor het bijzonder lastig was om met hem om te gaan".
Styl en ynfloed
bewurkje seksjeDe skilderstyl fan Caravaggio heart ta de Barok.
Hy is de skiednis yngien as de keunstskilder fan it clair-obscur, dat is it dramatyske ljocht-tsjuster ferskil, dat syn figueren yn teatrale ljochtbondels set tsjin in tsjustere eftergrûn. Hy wie dêrmei ien fan de grutsten fan syn tiid. By him wurdt de patetyk oannimlik makke troch it och sa realistyske fan syn wurk.
Caravaggio hie in enoarme ynfloed op de keunstnersgeneraasje nei him yn hiel Jeropa. Men hat it yn dit ferbân dan ek oer it caravaggisme. Syn earste neifolgers yn Itaalje wienen Orazio Gentileschi en Bartolommeo Manfredi. Sy holpen mei om de nije skilderstyl te fersprieden.
Rembrandt van Rijn is wat de technyk fan clair-obscur oanbelanget in tige súksesfolle neifolger west. Rembrandt kaam mei it wurk fan Caravaggio yn de kunde Utertske Caravaggisten: Gerard van Honthorst, Hendrik ter Brugghen en Dirck van Baburen, dy't yn Rome de keunst fan Caravaggio kennen leard hiene. Oare barokskilders wiene der net sa goed yn omdat hja it psychologysk realisme fan Caravaggio misten.
Caravaggio wie in man mei manieren en eigenskippen dy't makken dat syn technyk in soad ynfloed hie. Caravaggio waard lykwols fuort nei syn dea al fergetten en it moast oant de 20e iuw ta duorje foar't men syn belang foar de ûntjouwing fan de westerske keunst op 'en nij ûntduts. In protte skilders brûke it caravaggisme noch hieltyd.
Bekend wurk
bewurkje seksje- Jonge mei fruitkoer ± 1593-94), Rome, Galleria Borghese
- Bacchus (± 1596-97), Florence, Galleria degli Uffizi
- Zegevierende Kupido of Amor vincit omnia (± 1602-03), Berlijn, Gemäldegalerie
- It konsert (± 1595-96), New York, Metropolitan Museum of Art
- De wiersisster (± 1596-97), Parys, Musée du Louvre
- Catharina van Alexandrië (± 1598), Madrid, Museo Thyssen-Bornemisza
- Judith ûnthalzet Holofernes (1599), Rome, Palazzo Barberini
- De ropping fan Matteüs (1599-1600), Rome, San Luigi dei Francesi
- It martlerskip fan Matteüs (1599-1600), Rome, San Luigi dei Francesi
- De Emmaüsgongers (1601), Londen, National Gallery
- De beakering fan Paulus (1601), Rome, Santa Maria del Popolo
- De kruseging fan Petrus (1601), Rome, Santa Maria del Popolo
- Matteüs en de ingel (1602), Rome, San Luigi dei Francesi
- De grêflizzing (1602-03), Vaticaanstad, Vaticaanse musea
- It offer fan Izaäk (1603), Florense, Galleria degli Uffizi
- De Madonna di Loreto (1604-05), Rome, Sant'Agostino
- De Madonna mei de slang (1605-06), Rome, Galleria Borghese
- De skriuwende Hiëronymus (± 1606), Rome, Galleria Borghese
- De dea fan Maria (± 1606), Parys, Musée du Louvre
- De sân wurken fan barmhertigens (1606), Napels, Pio Monte della Misericordia
- De Madonna mei de roazekrânse (1607), Wenen, Kunsthistorisches Museum
- De giseling fan Kristus (1607), Napels, Museo di Capodimonte
- De ûnthalzing fan Johannes de Doper (1608), Valetta, Johanneskatedraal
- Johannes de Doper (± 1609-10), Rome, Galleria Borghese
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Michelangelo Merisi da Caravaggio fan Wikimedia Commons. |