Fraters fan Tilburch

De Kongregaasje fan Us Leaffrou fan Barmhertigens, (Latyn: Congregatio Fratrum Beatae Mariae Virginis Matris Misericordiae, of koarter: Congregatio Matris Misericordiae, ôfkoarting C.M.M.), better bekend as Fraters fan Tilburch, is in roomsk-katolike kongregaasje (kleastermienskip). De kongregaasje is foaral bekend om har rol yn it (spesjaal) ûnderwiis. Ut de Fraters fan Tilburch wei is de Beweging fan Barmhertigens ûntstien, dy't de spiritualiteit fan Vincentius a Paulo en Franciscus fan Sales ek foar de takomst stal jaan bliuwen wol.

It begraafplak fan de Fraters fan Tilburch (maaie 2010)

De kongregaasje waard yn 1844 oprjochte yn 's-Hertogenbosch troch Mgr. Joannes Zwijsen (1794-1877) fan it bisdom 's-Hertogenbosch. De kongregaasje hâldt him dwaande mei ûnderwiis en opfieding fan dôven, blinen, wezen en ferlitten bern, en fierder mei ferpleging en missywurk.

Betsjutting foar it ûnderwiis

bewurkje seksje

De Fraters fan Tilburch hawwe har tige ynset foar it katolyk ûnderwiis yn Nederlân. Yn Nederlân fêstigen se har op tsientallen plakken, spesjaal yn Noard-Brabân, ûnder mear yn de lette njoggentjinde iuw yn Deurne oan de Visser, dêr't se in skoalle foar katolyk ûnderwiis oan jonges stiften. Mar ek stiften se in skoalle op De Jouwer. Net allinnich stiften se in soad skoallen, mar se ûntwikkelen ek sels ûnderwiismetoades. Generaasjes skoalbern learden lêzen en skriuwen mei de metoade Veilig leren lezen fan frater Caesarius Mommers, de lêsheit fan Nederlân. De beskikking oer in eigen drukkerij en letter útjouwerij spile dêrby in grutte rol. It fûns fan dy útjouwerij is oergien yn de ferselsstannige Utjouwerij Zwijsen. De samling foarwerpen oer de skiednis fan it skrift dy't ien fan de fraters byelkoar brocht foarme de basis fan it Tilburchske museum Scryption.

De fraters hawwe in soad betsjutten yn it ûnderwiis, de dovensoarch en de missy yn Suriname en de Nederlânske Antillen. Yn it argyf fan it fraterhûs oan de Gasthûsring yn Tilburch is in soad materiaal oer dy aktiviteiten, ûnder oaren in doktoraalskripsje oan de universiteit fan Utert oer it ûnderwiis yn Suriname.[1] Dêrút blykt dat de Fraters neist de oriïntaasje op Nederlân en oan hiemkunde diene. Dêrfoar ûntwikkelen se eigen metoades ûnder oare op it mêd fan ierdrykskunde , biology en skiednis. Yn Suriname hawwe de lêste fraters yn 1982 it ûnderwiis ferlitten. Ald-presidint Ronald Venetiaan hat by de Fraters op skoalle sitten, lykas Stuart Robles de Medina, de makker fan it byld fan premier Pengel, Anton de Kom, Desi Bouterse en Lou Lichtveld, skriuwer en politikus.

De fraters bûten Nederlân

bewurkje seksje

Yn België wiene lange tiid fêstigings yn Zonhoven, Hasselt, Lanaken, Houthalen en Maaseik. De lêste tweintich fraters sieten letter yn de fêstiging yn Zonhoven. De fraters wurken ein tweintischste iuw benammen yn Yndoneezje, Namibië, Kenia en Brazylje.

  • J.P.A. van Vugt, Broeders in de katholieke beweging. De onderwijsactiviteiten van vijf Nederlandse onderwijscongregaties van broeders en fraters, 1840-1970 (dissertaasje Nymwegen 1994).
  • Hans Strootman, Onderwijzen in een plurale samenleving, doktoraalskripsje Utert 1988 (eksimplaar yn it KITLV Leien).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Hans Strootman, Onderwijzen in een plurale samenleving, 1988