Frederik Hessel van Beyma thoe Kingma
Jhr., Mr. Frederik Hessel van Beyma thoe Kingma (Warkum, 7 augustus 1818 - It Hearrenfean, 3 febrewaris 1899) wie jurist en boargemaster.
Van Beyma wie gemeente-sekretaris op It Hearrenfean en fan 1851 ôf boargemaster fan Aenjewier en hat liberaal lid fan Provinsjale Steaten west. Hy wie boppedat skoalopsjenner. Hy hat syn hiele libben warber west foar de ferheffing fan it ûnderwiis. Benammen foar de materiële fersoarging fan de learkrêften sette er him yn. Hy is mei-oprjochter fan de feriening ‘Folksûnderwiis' (1866).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|