Fredestimpel fan Riis
De fredestimpel fan Riis is in fredesmonumint yn 'e Rysterbosk by Riis yn de gemeente De Fryske Marren. It is ryksmonumint en in kriichsmonumint.
Fredestimpel | ||
bouwurk | ||
Fredestimpel yn 'e Rysterbosk | ||
lokaasje | ||
Gemeente | De Fryske Marren | |
plak | Riis | |
adres | Murnserleane 1 | |
koördinaten | 52° 51' 42" NB, 5° 29' 35" EL | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | timpel | |
boujier | 1814 1970 (weropboud) | |
boustyl | Neoklassisistysk | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15932 | |
kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe timpel waard oarspronklik yn 1814 ta omtinken foar de frede nei de Frânske tiid nei't Napoleon nei Elba ferballe wie. Yn 1941 waard de Rysterbosk mei de timpel eigendom fan It Fryske Gea. Op 30 septimber 1944 rekke de timpel swier skansearre nei in mislearre ôffjurjen fan in V2-raket troch de Dútske besetter.
Yn 1945 waard de timpel weropboud en bekostige troch baron Van der Feltz, dy't ien fan de eardere eigeners fan 'e Rysterbosk wie. Dy twadde timpel moast lykwols yn 1969 sloopt wurde omreden de minne boumateriaal dêr't er mei boud wie.
Yn 1977 waard de timpel fannijs weropboud troch frijwillige 65-plussers. It jild waard byinoar sammele troch middel fan in aksje fan 'e doetiidske gemeente Gaasterlân. Hjerstmis dat jiers waard de timpel oerdroegen.
Tekst
bewurkje seksjeOp 'e fronton stiet de tekst:
PAX
MCCMXIV
RENOVATUM
MCMXLV MCMLXXVII
Dêrûnder stiet de tekst: Vrede, groot geschenk van God, Blijft bestendig Neerlands lot; Laat het dankbaar op U zien. Altijd twist en wraakzucht vlien.