Friduwih Riemersma

Friduwih Riemersma (Loaiïngea, 1962) is in Frysk dichter, skriuwster, útjouwer, redakteur en earder byldhouwer. Se wennet yn Amsterdam yn de Jordaan (2022).

Friduwih Riemersma
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1962
berteplak Loaiïngea
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre Essay, kollumn, literêre krityk, (eksperimentele) poëzy

Libben en wurk

bewurkje seksje

Friduwih Riemersma is in dochter fan de Fryske skriuwer Trinus Riemersma (1938-2011).

Riemersma studearre fan 1981-1983 oan de keunstakademy Minerva yn Grins en fan 1983-1987 byldhouwen oan de Rietveld Akademy yn Amsterdam. Se waard byldhouster en hie súkses mei har wurk, mar moast it fak letter oerjaan doe't se allinnichsteande mem waard. Sy learde doe in oar fak en gie oan't wurk yn in ynstelling foar dôve bern.

Fan 2000 oant 2005 studearre se Opfiedingsfilosofy oan de Universiteit fan Amsterdam en fan 2009 oant 2012 psychology oan ferskate universiteiten.

Riemersma wie fierders fan 2013 oant 2014 kollumnist by it literêr tydskrift Ensafh. Yn 2014 rjochte se tegearre mei Abe de Vries it online literêr tydskrift Fers2 op dêr't se sûnt ek haadredakteur fan is.

Yn 2016 wie se oprjochter fan útjouwerij Grotesk yn Amsterdam dy't Fryske literatuer útjout.

Yn 2021 sette se it gedicht The Hill We Climb fan Amanda Gorman oer dat dy skriuwster by de ynauguraasje fan presidint Joe Biden foardroech.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • 2016 - Kultuerferlies: Fryslân fan 1989 oant 2018. En oare essees, essaybondel
  • 2020 - Myn binêre koade, dichtbondel
Oersetting
  • 2022 - De hichte beklimme wy, oersetting fan The Hill We Climb fan Amanda Gorman. Utjouwerij DeRyp

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Anna Sofia From. Friduwih Riemersma over vertaling 'The hill we climb'; Frysk Deiblêd, s. 6, 5 febrewaris 2022