Frije Baptistegemeente Bethel

Frije Baptistegemeente Bethel is in tsjerklike mienskip yn Drachten. Bethel betsjut: Hûs fan God. De woartels fan de Baptistegemeente yn Drachten lizze al de 18e iuw.

Betheltsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Smellingerlân
plak Drachten
adres de Bolder
bysûnderheden
type bouwurk Oarspronklik bedriuwsgebou, tsjintwurdich tsjerkegebou
boujier Yn 2000, 2004 útwreidings
boustyl funksjoneel
offisjele webside
Side Frije Baptistegemeente Bethel

Doe't heilsoldaat Sjoerd Veltman (1877-1952) fan Drachten op útnûging yn de baptistegemeente yn Haulerwyk kaam, brocht er syn ûnderfinings mei nei Drachten. Al yn 1899 belei er gearkomsten. Nije leden waarden doopt yn Haulerwyk. De soarch en opset fan de gemeente bleaune ek yn Haulerwyk. Yn 1921 bout Veltman oan de Vogelzang yn Drachten it tsjerkje ‘Bethel’. Yn 1923 hat de gemeente 17 leden dy't in selsstannige gemeente stiftsje, oansluten by de Uny fan Baptistegemeenten yn Nederlân mei Veltman as foargonger.

 
Tsjerkeseal It Foarhôf

Yn 1988 waard de garismatyske dûmny Orlando Bottenbley út Paramaribo beroppen yn Drachten wêrtroch't de gemeente ferskuorrend fluch nei mear as twatûzen yn 2007 groeide. Meardere tsjinsten op in dei waarden dêrom needsaaklik. It tsjerkegebou oan de Brouwerssingel waard yn 1992 bot fergrutte.

Doe't gjin fierdere útwreiding mooglik wie waard op 17 desimber 2000 in earder bedriuwgebou oan de Bolder op it yndustryterrein 'De Haven' yn gebrûk nomd. Op 5 desimber 2004 kaam der in nije seal: 'It Foarhôf'. Troch it grutte tal leden bleaune lykwols dûbele tsjinsten nedich. De Betheltsjerke hat 3000 sitplakken.

Dûmny Bottenbley waard yn 2016 opfolge troch Jacob Folkerts fan Teksel.

Fanút Drachten binne der gemeenten stifte yn Grins (De Stadskerk | VBG), Dokkum (Nehemia) en Ljouwert (De Wijngaard). Dy gemeenten funksjonearje tsjintwurdich as selsstannige gemeenten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: