Frije Evangelyske tsjerke (De Harkema)

De Frije Evangelyske tsjerke oan de Warmoltsstrjitte op 'e Harkema is de tsjerke fan it Bûn fan de Frije Evangelyske Gemeenten. Oant 2019 hearde de tsjerke noch by de Fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. Oarspronklik is de tsjerke de grifformearde tsjerke fan 'e Harkema.

Frije evang. tsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak De Harkema
koördinaten 53° 11' N 6° 8' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Frije Evangelyske Gemeenten
Arsjitektuer
boujier 1913
Webside
Side Tsjerke fan De Harkema
Kaart
Frije Evangelyske tsjerke (Fryslân)
Frije Evangelyske tsjerke

Evangelisaasjepost

bewurkje seksje

Oan de basis fan de stifting fan tsjerklik libben yn De Harkema stie de út Grinslân ôfkomstige Lambertus Nankes Warmolts. Syn heit wie yn 1863 ta dûmny fan 'e herfoarme tsjerke fan Surhuzum beneamd en as boer op Fjouwerhuzen kaam Warmolts yn 'e kunde mei de strieminne omstannichheden fan 'e bewenners op 'e Hamsterheide doe't er dêr in sike feint besocht. Fan pastorale soarch wie op 'e heide gjin sprake en in tsjerke seagen de heidebewenners hast nea fan binnen, oant Warmolts yn 1883 prikken yn it wurk sette en jild ynsammele foar de oprjochting fan in lytse evangelisaasjepost op 'e heide. Boppe de doar fan it hiel ienfâldige tsjerkje kaam in raam te sitten mei de tekst "Ziet hier Gods vinger". Njonken it boerewurk krige de dûmnyssoan no ek in taak as evangelist.

 
Gevelstien boppe it portaal

Al gau waard de houten evangelisaasjepost te lyts en moast it grutter makke wurde. Yn 1891 folge mei help fan 'e oanbuorjende gemeenten de bou fan in stiennen tsjerke op it plak fan de hjoeddeiske tsjerke. Om't Warmolts gjin echte dûmny, mar in evangelist wie, fielden de herfoarme predikanten út de oanbuorjende doaprne harren wat mear as Warmolts en sa kaam it dat de evangelist Warmolts him yn 1892 oansleat by de grifformearden. Mei Warmolts gyngen ek de heidebewenners mei oer nei de grifformearde tsjerke. Noch oant de dea fan syn frou yn 1904 bleau Warmolts as evangelist oan de gemeente ferbûn, dêrnei ferhuze er nei syn soan yn Strobos.

Yn 1913 ferriisde op it plak fan de earste stiennen tsjerke de monumintale grifformearde tsjerke. In jier dêrnei waard njonken de tsjerke in pastorij boud, dy't letter in wenning foar de koster waard nei't in nije pastorij oan 'e oare kant fan 'e strjitte boud wie.[1]

Doe't de kwestje Geelkerken him yn 1926 oantsjinne soarge dy ek op 'e Harkema foar skeel. Dûmny Van Leeuwen stelde him yn dy kwestje aktyf oan 'e kant fan Geelkerken op, mar de tsjerkeried en it grutste part fan de gemeente stie fjouwerkant efter de synoade. It konflikt einige mei it útsluten fan Van Leeuwen fan it amt en mei Van Leeuwen ferlieten sa'n 60 belidende leden de tsjerke. De groep dy't de tsjerke ferlieten stiften in eigen tsjerke op 'e Harkema en sletten harren oan by de Grifformearde Tsjerke yn Hersteld Ferbân (letter opgien yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke respektivelik de Protestanske Tsjerke yn Nederlân).[2][3]

Fuortsette Grifformearde tsjerke

bewurkje seksje
 
Tsjerke en eardere pastory

De Harkema wie ien fan 'e trije Fryske en acht Nederlânske grifformearde gemeenten, dy't net mei woene yn it fúzjeproses fan de grifformearde en herfoarme tsjerken en yn 2004 de Fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân oprjochten.[4] Letter sletten mear gemeenten harren oan by it nije tsjerkegenoatskip.

Bûn fan Frije Evangelyske Gemeenten

bewurkje seksje

Yn 2019 makke De Harkema op 'e synoade fan de vGKN bekend dat de tsjerke him losskuorde fan it ferbân en sûnt 1 jannewaris 2020 falt de gemeente ûnder it Bûn fan Frije Evangelyske Gemeenten.[5]

It oargel fan 'e tsjerke waard yn 1976 boud troch de firma Haarsma út Drachten. It ynstrumint ûndergyng yn 2002 in restauraasje en waard mei twa registers troch de Siuwske oargelbouwer René Nijsse útwreide.[6]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: