Fryske Folkspartij (FFP)

(Trochferwiisd fan Fryske Folkspartij)

De Fryske Folkspartij (FFP) wie in lytse ultra-rjochtse partij, dy't fan 1938 oant 1941 bestie en oprjochte waard troch Jan Melles van der Goot en Douwe Kiestra.

Van der Goot hie yn 1933 mei Rintsje Sybesma de earste Frysktalige politike partij oprjochte, it Frysk Faksiste Front (FFF), dat in skoftke oansletten west hat by de NSB. Nei de dea fan Van der Goot ferdwynt it FFF en wurdt opnij oprjochte Fryske Folkspartij.

Kiestra waard foarsitter en redakteur fan it partijblêd It Fryske Folk, dat letter Frysk Folksblêd kaam te hjitten. De partij neamde harsels nasjonaal-naturalistysk ynstee fan nasjonaal-sosjalistysk, omdat hja in nij-heidenske ferearing fan it 'natuerlike libben' oanhongen. Yn it partijprogramma wurde alle eleminten fan it Nasjonaal-sosjalisme werom fûn, ek de rasselear. De partij bleau lyts, yn 1941 wienen der sa'n 30 beteljende leden, it Frysk Folksblêd hie 25 abonnee's. Guon fan de leden sleaten har yn de oarloch oan by de Fryske Rie as ûnderdiel fan Saxo-Frisia, in organisaasje dy’t yn de besettingstiid organisatoarysk ûnder de Nederlânske, letter de Germaanske SS, foel.

Bekend lid fan de FFP wie Douwe Kalma.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: