Gaaikemadyk
(Trochferwiisd fan Gaaikemadijk)
Gaaikemadyk (Nederlânsk: Gaaikemadijk) is in streekje yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. It bestiet út in oantal pleatsen dy't oan de lykneamde dyk lizze. De namme komt fan in eartiidske boarch dy't dêr stien hat, de Gaykingaheard. Op it âlde steed stiet no de pleats Gaaikemaheerd.
De dyk rint tsjintwurdich by it Van Starkenborghkanaal lâns en makket even besuden it Aduarderdjip in heakske bocht nei it suden. De dyk slingeret dêrnei troch it lânskip om efkes bewesten Slaperstil by de Fryskestrjitwei út te kommen. It lêste stik fan de dyk leit yn de gemeente Grins. De dyk sil ea oanlein wêze doe't in stik lân westlik fan Dorkwert ynpoldere waard yn de 12e iuw. De Gaaikemadyk wie de westlike begrinzing fan dy polder.