Grins (gemeente)
Grins (Grinzersk: Grönnen) is in gemeente yn de provinsje Grinslân mei as haadstêd de stêd Grins. De gemeente hat 243.366 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en hat in oerflakte fan 83,75 km² (wêrfan 5,7 km² wetter). De hjoeddeiske gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2019 doe't de eardere gemeenten Haren en Ten Boer by Grins foege waarden.
Grins | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Grinslân |
boargemaster | Koen Schuiling (VVD) |
sifers en geografy | |
haadplak | Grins |
grutste plak | Grins |
ynwennertal | 243.366 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 2964 / km² |
oerflak | 83,75 km² |
● wêrfan lân | 78,05 km² |
● wêrfan wetter | 5,7 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 20 |
ferkearsieren | A7, A28, N46, N355, N360, N370, RING, Spoar Harns-Nijeskâns, Spoar Grins-Delfsyl, Spoar Sauwert-Roodeschool, Spoar Grins-Meppel |
skiednis | |
oprjochte | 2019 |
Oant 2019 | Grins, foar de weryndieling Haren Ten Boer |
oar | |
netnûmer | 050 |
postkoade | 9700-9756, 9790-9798 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.gemeente.groningen.nl |
- Dizze side giet oer de gemeente yn Grinslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Grins.
De gemeente Grins hat 1 stêd en 20 doarpen, dêr't de wichtichsten fan binne Grins (190.590 ynwenners), Haren (17.250 ynwenners), Heechtsjerk (9.795 ynwenners), Ten Boer (4.650 ynwenners) en Glimmen (1.330 ynwenners). It oerflak fan de hiele gemeente is 180 km².
Grins is part fan it gearwurkingsferbân Regio Grins-Assen. Dy bestiet út 12 gemeenten dêr't beide stêden en lytsere gemeenten yn Grinslân en Drinte. Yn dy regio wenje likernôch 536.000 minsken (1 januari 2019).
Yndieling
bewurkje seksjeDe gemeente Grins wie, foar it gearfoegjen mei Haren en Ten Boer, ferparte yn fiif stedsdielen: Binnenstad (Binnenstêd), Oude Wijken (Alde Wiken), Noordwest/Hoogkerk (Noardwest/Heechtsjerk), Noorddijk (Noarddyk) en Zuid (Súd). Dêrfan hearre Binnenstad, Oude Wijken en Zuid alhiel ta de stêd Grins, de stedsdielen Noordwest/Hoogkerk en Noorddijk befetsje ek oare kearnen fan de gemeente. De stedsdielen hawwe gjin offisjel status en wurde almeast binnen de gemeentlike organisaasje sels brûkt. Foar statistysk doel brûkt it CBS in eigen yndieling fan buerten en wiken.
Yn 2014 waard foar it earst sûnt 1948 in nije wyk- en buertyndieling makke troch de gemeente Grins. Dêrby waarden ferkate buerten en ûnderbuerten feroare. Sûnt dy tiid is Grins ûnderferparte yn 14 wiken, dy't sels wer ûnderferparte yn 106 buerten (mei in soad ûnderbuerten). De wyk- en buertyndieling wykt op ferskate punten ôf fan de yndieling troch it CBS, dy't in oare wykyndieling oanhâldt by de wiken Hoogkerk (Heechtsjerk) en Nieuw-West (Nij-West), op guon plakken gruttere buerten oanhâldt, en in ekstra buert hat (West-Yndyske Buert).
Kearnen yn de gemeente Grins
bewurkje seksjeSkiednis
bewurkje seksjeGrins ûntjoech him yn goed twahûndert jier fan in gemeente mei 23.000 ynwenners yn 1795 ta in gemeente mei goed 200.000 ynwenners yn 2016. In part fan it waaksen fan it ynwennertal komt troch it ferfarren fan it plattelân nei de stêd en it kommen fan studinten út oare provinsjes en lannen. In oar part komt troch de anneksaasjes dy't yn de rin fan de tiid plakfûnen. Sa waard der yn 1884 in part fan de gemeente Haren anneksearre om de Van Mesdagklinyk hinne, dêr't de grins besuden de Helperliny lein waard. Yn de jierren nei 1910 wiene der in tal anneksaasjes yn it ramt fan de bou fan in tal wenwiken (likernôch 1000 bunder): Kostverloren fan Heechtsjerk yn 1912, De Hoogte fan Noarddyk yn 1914 en Helpman fan Haren yn 1915.
Yn 1969 waarden de gemeenten Noarddyk en Heechtsjerk en parten fan de gemeenten Adoarp, Bedum en Haren taheake oan Grins. Dy grutte anneksaasje omfieme de doarpen en buorskippen Bangeweer, Dorkwert, Eelderwolde, Engelbert, Euvelgunne, Harssens (foar in part), Heechtsjerk, Kinderverlaat, Kleiwerd, Koningspoort, Leechtsjerk, Middelbert, Noarddyk, Noorderhoogebrug, Oosterhoogebrug, Oude Harssens (foar in part), Oude Roodehaan, Pannekoek, Paddepoel (foar in part), Peizerweg, De Poffert (foar in part), Roodehaan, Ruischerbrug, Selwert, Slaperstil, Vierverlaten en Zuidwending. Yn 1987 waard in part fan it buorskip Matsloot anneksearre fan de Drintske gemeente Roan.
Yn 1998 waard Bruilweering fan de Drintske gemeente Eelde anneksearre. Yn 2012 waard mei de gemeente Slochteren (de plakken Engelbert en Middelbert foar bougrûn fan it nije plak Meerstad) in útstel dien, mar waard letter wer skrast. Letter kamen Grins en Slochteren oerien, mei foarútsjoch op de gemeentlike weryndieling, dat Meerstad op 1 jannewaris 2017 alhiel by Grins foege waard.
Yn de provinsje Grinslân kaam sûnt 2013 de gemeentlike weryndieling op it aljemint. Yn it rapport Grenzeloos Grunnen (Grinslân sûnder grinzen, dêr't Grunnen it Grinslânske wurd foar Grinslân is) kaam it útstel dat de gemeente Grins mei buorgemeenten Haren en Ten Boer fúsearje moast. Dy nije gemeente soe sa'n goed 225.000 ynwenners telle. It bestjoer en de befolking fan Haren woene leaver selsstannich fierder, kaam de provinsje yn septimber 2016 mei in blauwe printinge foar de fergrutte gemeente Grins. Dy krige it ynstimmen fan it kabinet-Rutte II, dat yn oktober 2017 in oerienkomstich wetsfoarstel yntsjinne. Dêrtroch waarden de gemeenteriedsferkiezings yn Grins, en ek yn Haren en Ten Boer, net yn maart 2018, mar yn novimber 2018, as weryndielingsferkiezings, holden. De nije gemeente waard op 1 jannewaris 2019 foarme. Op 1 novimber 2018 hiene Grins, Haren en Ten Boer meiïnoar 231.549 ynwenners (boarne:CBS).
Gemeenteried
bewurkje seksjeDe gemeenteried fan Grins bestie oant 2018 út 39 sitte, en nei de weryndieling út 45 sitten om't de gemeente in ynwennertal oer de 200.000 helle hie.
Gemeenteriedssitten | ||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Partij | 1970[1] | 1974 | 1978 | 1982 | 1986 | 1990 | 1994 | 1998 | 2002 | 2006 | 2010 | 2014 | 2018[2] | 2022 |
GrienLinks* | 7 | 6 | 5 | 6 | 5 | 5 | 4 | 11 | 9 | |||||
PvdA | 13 | 18 | 16 | 15 | 18 | 11 | 10 | 13 | 9 | 12 | 9 | 6 | 6 | 6 |
D66 | 2 | 3 | 2 | 2 | 6 | 7 | 4 | 2 | 2 | 4 | 9 | 5 | 5 | |
Partij foar de Dieren | 1 | 1 | 3 | 4 | ||||||||||
Stadspartij 100% voor Groningen* | 2 | 4 | ||||||||||||
SP | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 7 | 4 | 6 | 5 | 4 | ||||
VVD | 5 | 6 | 6 | 7 | 6 | 4 | 6 | 6 | 6 | 5 | 6 | 3 | 4 | 3 |
Student en Stad | 1 | 1 | 2 | 1 | 1 | 2 | 1 | 3 | ||||||
KristenUny* | 2 | 2 | 2 | 2 | 2 | 2 | 2 | 2 | 2 | 2 | 2 | 2 | 3 | 2 |
CDA* | 10 | 8 | 8 | 7 | 6 | 6 | 4 | 4 | 5 | 3 | 2 | 3 | 2 | 2 |
Partij voor het Noorden | 2 | |||||||||||||
PVV | 1 | 1 | ||||||||||||
Stad en Ommeland* | 2 | 2 | 5 | 3 | 2 | |||||||||
CPN* | 6 | 3 | 2 | 2 | 1 | |||||||||
PPR* | 1 | 2 | 1 | |||||||||||
PSP* | 1 | 1 | 2 | 2 | ||||||||||
Totaal | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 45 | 45 |
- It CDA die foar 1974 mei as kombinaasje ARP, CHU en KVP.
- CPN, PPR en PSP binne fan 1990 ôf meiïnoar gien as GrienLinks.
- De KristenUny die foar 2002 mei as it GPV.
- Stad en Ommeland die foar 2018 mei ûnder de namme Stadspartij.
- Yn 2016 is riedslid Marjet Woldhuis út de fraksje fan de Stadspartij stapt en fierder gien ûnder de namme 100% Groningen.
- De sitten fan de kolleezjepartijen binne fet.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Grinslân | |
---|---|
Aldamt - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Iemsdelta - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde | |
· · |