Gabriella's Liet is in liet fan de Fryske sjongster Gezina van der Zwaag en brassband De Bazuin út Oentsjerk.

De tekst is in oersetting fan it nûmer Gabriella's song út de film As it is in heaven. De opbringst fan it nûmer gie nei de stichting Semmy dy’t ûndersyk docht nei harsenstamkanker by bern. Dit bart as neitins oan de achtjierrige Florian út Burdaard dy’t ek oan dizze sykte stoar. It liet Trusten leave op Gezina har earste album wie ek út neitins oan Florian.

Yn 2008 waard se heechste binnenkommer yn de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. It soe oant 2010 by de heechste tsien notearrings fan dy list stean.

Te hearren op

bewurkje seksje
  • Kontrast (maart 2012, CD)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: