Garage Sale (koart ferhaal)
Garage Sale is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. In garage sale is in Ingelske oantsjutting foar in twaddehâns (út)ferkeap troch priveepersoanen, faak fanút harren eigen garaazje. It ferhaal giet oer Krieger, in man dy't dreaun wurdt ta it nimmen drastyske maatregels tsjin syn kring fan in buorfrou. Garage Sale waard yn 1987 foar it earst publisearre yn it maitydsnûmer fan it tydskrift American Fantasy. DIt ferhaal waard yn 1996 werpublisearre yn 'e bondel ferhalen en essays Dreamweaver's Dilemma, en jitris yn 2012 yn Proto Zoa, in ferhalebondel yn 'e foarm fan in e-boek.[1]
Garage Sale | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 1987 | |
oarspr. útjwr. | American Fantasy | |
bondel | Dreamweaver's Dilemma Proto Zoa |
Ynhâld
bewurkje seksjeHarold Krieger hat buorrelêst. Syn buorfrou, de âldere widdo frou Arbor, is ien dy't alles kreas en kibich hawwe wol. No is dat net sa slim, want Krieger syn biedwurd is "libje en libje litte". Dat as frou Arbor elts jier har oprit (dy't nea brûkt wurdt om't it minske gjin auto hat) op 'e nij asfaltearje litte wol, moat se dat sels witte. Nei Krieger syn miening hat se tefolle jild en te min om hannen, mar hawar. Mar dat se mient dat se Krieger fertelle kin hoe faak oft er syn hage snoeie moat, oant persiis hoe heech oft er de hage snoeie moat en ek noch hoe't er krekt de haachskjirre beethâlde moat as er dat docht, begjint him al hiel gau ta de kiel út te hingjen. Nettsjinsteande dat bewarret Krieger syn fatsoen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Se krije lykwol deilisskip as frou Arbor oanhâldend Krieger syn kat Muffy derfan beskuldiget dat er by har yn 'e tún skyt. Krieger begrypt net wat it minske dat skele kin; it is ek noch fergese bedonging, mar frou Arbor hâldt der mar net oer op. As se Muffy op in kear te pakken kriget en it earme bist foar Krieger syn eagen ôfmakket, wurdt it lykwols oarloch tusken de beide buorlju. Nei't se ôfweefd hat mei de kat, rjochtet frou Arbor har pylken op 'e dowen dy't har swarte oprit wyt skite. Sels hat se maatregels nommen dat de bisten net by har ûnder de oerstekkende daksrâne nêstje kinne, en se wol Krieger twinge om dat ek te dwaan. Dat moat lykwols trijehûndert dollar kostje, en dat jild hat de wurkleaze Krieger net. Dat sels as soed er noch oan frou Arbor har kluchten tajaan wolle, dan gie it feest net troch.
Frou Arbor wol lykwols fan gjin rede witte en set de folgjende dei ôf nei it stedhûs om in offisjele klacht tsjin Krieger yn te tsjinjen. Dat is de drip dêr't de amer fan oerrint. Krieger hellet in baas planke út syn garaazje dêr't er de wurden "GARAGE SALE" op skilderet. Dat set er oan 'e dyk. Dan brekt er frou Arbor har foardoar iepen en begjint er al har húsrie út 'e hûs te slepen. Hy ferkeapet alles oan foarbygongers foar sokke lege prizen dat it gau fuortseit en de minsken der mei kloften op ta komme. Krieger wurket himsels yn 't swit om alle eigendommen fan syn buorfrou út 'e hûs te slepen. Tsjin 'e tiid dat frou Arbor oan 'e ein fan 'e middei wer thúskomt, is it hûs leech en binne al har eigendommen ferkocht en ôffierd. Sûnder al har besittings om sunich op te wêzen kin it minske net bestean, en se wurdt trochlittich, dan trochsichtich en úteinlik ferdwynt se hielendal yn it neat. Krieger nimt de trijehûndert dollar dy't er mei de twaddehâns ferkeap fertsjinne hat en beslút in wykein fuort te gean te angelfiskjen.
Oersettings
bewurkje seksjeYn 2002 waard Garage Sale oerset yn it Russysk, ûnder de titel Garažnaja Rasprodaža, troch A. Balabčenkov.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|