Gasthûswier
De Gasthûswier (of: Hege Wier) is it plak fan in eardere stins of úthôf fan in kleaster, doe krekt bûten de stêd Snits. De wier of terp lei destiids in pear hûndert meter noardlik fan de lokaasje dêr't no de Tolhús-tunnel boud is.
Yn 2009 die histoarysk ûndersiker Paul Noomen ûndersyk nei dizze lokaasje. Hy beneamde de hichte as stinswier en ûndersike ferskate archeologyske fynsten fan it steed. Der waard ûnder mear in bienen kaam út de 11e oant 13e iuw fûn. Fierders binne der 12e oant 13e iuwske kûgelpotten fûn, dy't wyls ferlern gien binne. It Ryksmuseum fan Aldheden hat noch wol in tekening fan dy urnen. Ek waard der in brûnzen munt mei de byldnis fan keizer Diokletianus út 340 nei Kristus fûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |