Gattsjina
Gattsjina (Russysk: Гатчина) is in stêd yn it noardwesten fan Russyske Federaasje. De stêd is de grutste stêd fan de oblast Leningrad en leit likernôch 45 kilometer súdwestlik fan Sint-Petersburch. De stêd is bekend om't ien fan de eardere simmerresidinsjes fan de tsaren yn de stêd stiet.
Gattsjina | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Leningrad |
Sifers | |
Ynwennertal | 87.626 (2022) |
Oerflak | 28,75 km² |
Befolkingstichtens | 3.047,86 ynw. / km² |
Hichte | 100 m (sintrum) |
Oar | |
Stifting | 1499 stêd sûnt 1796 |
Tiidsône | (UTC+3) |
Koördinaten | 59° 34' N 30° 07' E |
Webside | gatchina-meria.ru |
It histoaryske sintrum fan Gattsjina en it paleis binne ûnder de namme Histoarysk Sintrum fan Sint-Petersburch en oare monuminten opnommen yn it wrâlderfgoed fan UNESCO.[1]
Sûnt 2021 is Gattsjina ek it bestjoerlike sintrum fan de oblast Leningrad.
Skiednis
bewurkje seksjeGattsjina waard foar it earst yn 1499 neamd. Mei't der yn 1478 in ein oan de Republyk Novgorod kaam, waard de krite by it Grutfoarstedom Moskou foege. Lykas de rest fan Ingermanlân hearde Gattsjina fan 1583 oant 1595 en fan 1617 oant 1721 (Frede fan Nystad) by Sweden. Peter de Grutte joech Gattsjina oan syn suster Natalja en yn 1765 waard it plak troch Katarina de Grutte oan har favoryt Grigori Grigorjevitsj Orlov jûn, dy't dêr it slot Gattsjina bouwe liet. Nei de dea fan Orlov yn 1783 waard gruthartoch Pavel Petrovitsj de eigner fan Gattsjina.
Yn 1796 joech Pavel I Gattsjina de status fan stêd.
Gattsjina krige yn 1858 oansluting op it spoar fan Sint-Petersburch nei Warsjau. De hiele spoarferbining oant Warsjau waard yn 1862 iepene.
Nei de Oktoberrevolúsje waard de stêd yn 1923 nei Leon Trotski omdoopt yn 'Trotsk' (Троцк). Nei't Trotski yn ûngenede foel, krige de stêd yn 1929 de nije namme 'Krasnogvardeisk' (Красногвардейск; fan Krasnaja Gvardija, Russysk foar Reade Garde). Yn 1944 krige de stêd wer de âlde name Gattsjina werom.
Al gau nei it begjin fan ynfal fan Nazy-Dútslân waard de stêd op 22 juny 1941 troch de Wehrmacht beset. Fan 1942 oant 1944 krige de stêd fan de Dútsers de namme 'Lindemannstadt'. De namme wie ôfkomstich fan Georg Lindemann, opperbefelhawwer fan it 18e leger. Yn it ramt fan de Leningrad-Novgorod Operaasje ferovere it Reade Leger begjin 1944 de stêd werom.
Befolkingsûntwikkeling
bewurkje seksjeJier | 1897 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2010 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 14.824 | 38.201 | 36.725 | 63.292 | 75.153 | 79.714 | 88.420 | 92.937 | 87.626 |
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De stêd is fral bekend fanwegen it paleizekompleks, werfan't it Grutte Gattsjinapaleis it sintrale bouwurk is. It paleis waard yn de jierren 1766-1781 troch de arsjitekt Antonio Rinaldi foar greve Grigori Grigorjevitsj Orlov boud. Om it paleis binne trije parken oanlein. Ek de parken mei de paviljoens binne fan arsjitekturaal en histoarysk belang. Sûnt de Febrewarisrevolúsje fan 1917 is it paleis in museum en binne de parken iepensteld foar it publyk. De lêste Russyske tsaar, NikolaasII, brocht syn jongerein op it slot troch. Nei syn ôfsetting yn 1917 siet er foar in skoft yn it slot ûnder hûsarrest.
- In oar belangryk gebou is it Priorijpaleis, dat yn 1798 ek yn in park troch de arsjitekt Nikolai Aleksandrovitsj Lvov oanlein waard.
- De âldste tsjerke is de Slottsjerke yn it Gattsjina-paleis. De tsjerke waard yn de twadde helte fan de 18e iuw yn opdracht fan greve Orlov boud en troch de Romanov's brûkt foar de earetsjinst, mar somtiden ek as troutsjerke. Sûnt 1999 is de tsjerke wer yn gebrûk.
- De Sint-Pauluskatedraal is in 19e-iuwske katedraal fan de arsjitekten Roman Kûzmin en Konstantin Thon.
- De Foarbeakatedraal is in tsjerkegebou út de jierren 1895-1914.
- It hûs fan de Pavel Jegorovitsj Sjtsjerbov is in artdeco-monumint út it begjin fan de 20e iuw.
Musea
bewurkje seksje- It paleizekompleks
- Sjtsjerbovhûs
- Museum fan de skiednis fan de bou en reparaasje fan Fleantúchmotoaren
-
Paviljoen
-
Sint-Pauluskatedraal
-
Priorij-paleis
-
Lutherske tsjerke
-
Foarbeakatedraal
-
Foarbeatsjerke
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|