Gerben Rypma

(Trochferwiisd fan Gerben Rijpma)

Gerben Rypma (Aldegea, 2 septimber 1878 - Blauhûs, 12 febrewaris 1963) wie in lânskipsskilder en dichter út Blauhûs en waard berne op in pleats yn de Sânfurder Ryp, yn it gea om de Aldegeaster Brekken hinne.

Gerben Rypma oan it wurk op syn keamer yn it Teatskehús
Frysk Lânskip
Ungetiid

Syn earste fersen ferskynden yn de tydskriften Sljucht en rjucht en Forjit my net!, yn it begjin fan de 20e iuw. Ek syn jongere broer Jehannes (1880-1948), folksskriuwer en yn 1917 mei-oprjochter fan it Roomsk Frysk Boun, publisearre yn dy blêden. Gerben skreau gefoelige natoerlyryk en sette wurk oer fan Guido Gezelle. In karlêzing fan syn wurk Reidsang ferskynde yn 1951.

Gerben Rypma is op lettere leeftyd mei skilderjen begûn. Hûs- en keunstskilder Jaring Walta (berne 1887, heit fan Meinte Walta) trune him dêrta oan. Doe't er fyftich jier wie, krige er les fan Johan Mammen (1864-1922). Nei alle gedachten hawwe de skilders Bauke van der Sloot en Ids Wiersma him ek advisearre.

Yn 2001 waard de Gerben Rypmastifting oprjochte. De stifting hat ta doel it skilder-, teken- en skriuwwurk fan Gerben Rypma te ynventarissearjen, te bewarjen en út te stallen wêr mooglik. Ek sil der jierliks in kultureel barren organisearre wurde. Ein 2010 is in boek oer Gerben Rypma útkaam mei in biografy troch Eeltsje Hettinga oanfold mei skilderijen, tekeningen en poëzij.

Wurk ( karút )

bewurkje seksje
  • Gerben Rypma (Het Witte Boekhuis, 1970)
  • Gerben Rypma tentoanstelling 2003 : akwarellen út neilittenskip fan Meinte Walta
  • Eeltsje Hettinga, Gerben Rypma, Gerben Rypma Stifting, Blauhús 2021.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: