Gert Sennema
Gert Sennema (Gryptsjerk, 1962) is in Nederlânsk byldhouwer.[1]
Libben en wurk
bewurkje seksjeSennema folge de oplieding oan de Akademy Minerva yn Grins. Foar it projekt in de Grinske Folkingestrjitte, makke er Portaal, in doar fan brûns dy't net iepen kin en nearne tagong ta jout, as oantins fan de Joadske bewenners, dy't dêr foar de Twadde Wrâldkriich tahâlden:
Achter deze gesloten deur ligt de geschiedenis van de Folkingestraat verborgen. Een geschiedenis die niet meer naverteld kan worden omdat de mensen die er eens leefden, tijdens de Tweede Wereldoorlog weggevoerd zijn.[2]
Fan 1990 oant 2005 hie Sennema in atelier yn it gebou fan Stasjon Gryptsjerk, dat lykwols ôfbaarne mei ferlies fan in grut part fan syn keunstwurken, dat hy ferhuze nei de âlde suvelfabryk fan Gryptsjerk.
Yn 2008 arbeide Sennema yn Assen oan in houten byld fan Sisyfus. Dêrfoar hie er in iepenloftatelier ynrjochte by de rjochtbank, dêr't de fuortgong fan syn wurk foar it publyk te folgjen wie. It hout kaam fan ien fan de beammen dy't foar it Drintsk Museum stie. Op it plak fan dy beam is it byld dêrnei pleatst.
Njonken byldhouwer is Sennema ek warber op het snijflak fan keunst, muzyk en teäter. Hy betocht teäterproduksjes op lokaasje mei in sintraal plak foar de bewenners en de taal fan it Westerkertier. Foar syn fertsjinst foar de Grinslânske streektaal en kultuer krige er de K. ter Laan Priis 2011 takend.[3]
Wurk (karút)
bewurkje seksje- Veteranenmonument - Begraafplak 'Rusthof' yn Leusden (2009)
- Millennium kunstwerk Tubbergen - Negen beelden in negen dorpen in de gemeente Tubbergen (2000-2004)
- Schaap met twee lammetjes - Roan (2004)
- Zeemeeuw 083 - Wijster (2004)
- Beeld voor Walfridus - Bedum (2003)
- Jozef en Maria - Grins (2002)
- Kast - Gryptsjerk (2001)
- Transformatorhûske (Gryptsjerk) (oarlochsmonumint) - Súdhorn (2000)
- Herdershond en schapen - Loon (1999)
- Portaal - Grins (1997)
-
Zaailam
-
Zand erover (2003), Ten Boer
-
Transformatorhûske (2000), Gryptsjerk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|