Toerswel

(Trochferwiisd fan Gewoane toerswel)

De toerswel (Apus apus; yn 't Frysk ek: gierswel, gûlswel, piipswel, piperswel, tongerswel) is in fûgel út de famylje fan de toerswelfûgels. De 16,5 sm grutte fûgel is hast hielendal swart. By syn kiel hat er wat wite fearren mar dat is faak net te sjen. De fûgels briede yn hiel Jeropa en oerwinterje yn it suden fan Afrika. Hoewol de toerswel in protte op de swellen liket stiet er der taksanomysk in hiel ein fanôf.

toerswel

sittend

fleanend
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift toersweleftigen (Apodiformes)
famylje toerswelfûgels (Apodidae)
skaai toerswellen (Apus)
soarte
Apus apus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast

De toerswellen sjogge jo hast allinnich yn de loft at se rûnfleane, se binne te werkennen oan harren silhûet mei de smelle lange wjukken en de foarkefoarmige sturt. Toerswellen hawwe hiele lytse poatsjes dy't net brûkber binne om te rinnen. It latynske Apus betsjut dan ek sûnder poaten. In toerswel dy't op de grûn bedarret kin út himsels hast net wer op de wjukken komme. De poatsjes fan de toerswel kin er wol brûke om him oan muorren en rotsen fest te hâlden.

De toerswel is in echte ynsekteniter. Syn iten fynt er wylst er troch de loft jachtet. Syn bek kin foar dat doel in hiel ein iepen. Ôfhinklik fan it waar en it plak dêr't de fûgels it bêste ynsekten fine kinne, fleane se soms wol hûnderten kilometers fan harren koloanje om iten te sykjen. Foar harren jongen sammelje se wol in grut tal lytse ynsekten dy't se as in bal nei harren nêst bringe.

Fuortplanting

bewurkje seksje

De toerswel komt begjin maaie yn Fryslân. Se sykje dan harren nêst op, meast ûnder de pannen fan it dak fan âldere huzen. De 2-3 aaien wurde yn 18-20 dagen útbret. De jongen bliuwe dan noch sa'n 6 wiken op it nêst. De âlden soargje derfoar dat der iten komt. At de jongen útfleane kinne se harren selsstannich rêde en de hiele dei yn de loft bliuwe.