Gielsnaffeltsjilling
De gielsnaffeltsjilling (Anas flavirostris) is in fûgel út 'e famylje einfûgels (Anatidae). De wittenskiplike namme fan 'e soart is foar it earst publisearre yn 1816 troch Vieillot.
gielsnaffeltsjilling | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Anas flavirostris | ||||||||||||
Vieillot, 1816 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Taksonomy
bewurkje seksjeOarspronklik foarme de soart mei de Andestsjilling (Anas andium) ien skaai Anas flavirostris, mar hjoed-de-dei is de Anas flavirostris yn twa aparte soarten opdield.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe ein hat in giele snaffel mei in swart punt en in swarte streek boppe de snaffel. De soarte liket op de gruttere Súdamerikaanske pylksturt mar hat in donkerder kopke, in koartere nekke en griiseftige flanken.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe gielsnaffeltsjillings komme foar yn Argentynje, de Falklâneilannen, Sily, Perû, Bolivia, Oerûguay en Brazylje. Sûnt 1971 briedt de fûgel ek op Súd-Georgje.
De soarte bestiet út twa ûndersoarten:
- A. f. oxyptera (Meyen, 1834): fan noardlik Perû oant noardlik Sily en Argentynje.
- A. f. flavirostris (Vieillot, 1816): it suden fan Súd-Amearika oant súd Brazylje en noardlik Argentynje, de Falklâneilannen en Súd-Georgia.
De fûgels libje yn swietwettersompen.
Status
bewurkje seksjeDe gielsnaffeltsjilling wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre. It is net bekend hoe grut de populaasje is en alhoewol't oannommen wurdt dat it oantal fûgels ôfnimt, hat de gielsnaffeltsjilling noch in grut ferspriedingsgebiet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|