Gina Tolleson (folút: Gina Marie Tolleson; Spartanburg (Súd-Karolina), 4 juny 1970) is in Amerikaansk model.

Gina Tolleson
model
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gina Marie Tolleson
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 4 juny 1970
berteplak Spartanburg (Súd-Karolina)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
soarte model fotomodel
jierren aktyf 19891997
titel(s) Miss South Carolina USA 1990
Miss World USA 1990
Miss World 1990
offisjele webside
gjint

Yn 1989 helle hja it twadde plak by de Miss USA-ferkiezing fan dat jier. Se wûn yn 1990 de titel Miss South Carolina USA, en waard dêrnei keazen ta Miss World United States. Doe't se yn dy hoedanichheid de Feriene Steaten fertsjintwurdige op 'e Miss World-ferkiezing, wûn se ek dy skientmewedstryd, wêrby't se coacht waard troch C.B. Mathis, fan CB's Limited, út Lancaster yn Súd-Karolina.

As Miss World wie Tolleson de opfolchster fan 'e Poalske Aneta Kręglicka en waard se sels opfolge troch de Fenezolaanske Ninibeth Leal. Yn it jier dat se de titel yn besit hie, reizge se nei Grut-Brittanje, Dútslân, Kanada, de Dominikaanske Republyk, Súd-Afrika, Poalen, Belize, El Salvador en Gûatemala, en besocht ek alle hoeken fan har heitelân.

Priveelibben

bewurkje seksje

Yn 1994 troude Tolleson mei de 23 jier âldere Kanadeeske akteur Alan Thicke, mei wa't se in soan krige, Carter William Thicke. Yn 1999 rûn it houlik lykwols út op in skieding.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.