Gloria Borger
Gloria Borger (Amerikaansk-Ingelske útspr.: ['bɔ:ɹʤəɹ], likernôch: "bôrdzjur"; folút: Gloria Anne Borger; New Rochelle (New York), 22 septimber 1952) is in Amerikaansk sjoernaliste, kommentatrise en kollumniste fan etnysk Joadsk komôf. Yn it ferline hat se ûnder mear wurke foar CBS en CNBC, en sûnt 2007 is se yn 'e tsjinst by de nijsstjoerder CNN. Dêr is se geregeldwei as kommentatrise te sjen yn programma's as The Situation Room.
Gloria Borger | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gloria Anne Borger | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 22 septimber 1952 | |
berteplak | New Rochelle (New York) | |
etnisiteit | Joadsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | sjoernaliste, kommentatrise, kollumniste | |
medium | skreane parse, tillefyzje | |
wurksum by | CBS, CNBC, CNN | |
jierren aktyf | 1974 – no | |
prizen | Peabody Award 2008 Emmy Award 2012 | |
offisjele webside | ||
Gloria Borger op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeBorger waard yn 1952 berne yn New Rochelle, yn 'e Amerikaanske steat New York, as de dochter fan etnysk Joadske âlden. Har heit wie de eigner fan it bedriuw Borger's, in distributeur fan elektryske apparaten. Nei't se yn 1970 de middelbere skoalle trochrûn hie oan 'e New Rochelle High School, studearre Borger oant 1974 oan 'e Colgate Universiteit, yn Hamilton (New York).
Karriêre
bewurkje seksjeBorger begûn har karriêre as sjoernaliste by de skriuwende parse. Sa die se yn 1979 foar it tydskrift Newsweek ferslach fan it kearnûngelok fan Three Mile Island. Neitiid stapte se oer nei de tillefyzje, en waard se ferslachjouster op it mêd fan 'e Amerikaanske polityk foar de tillefyzjestjoerder CBS. Ek wurke se foar CBS mei oan 'e aktualiteiterubriken Face the Nation en 60 Minutes II. Letter wie se aktyf as mei-presintatrise fan it programma Capital Report, op 'e stjoerder CNBC.
Yn 2007 kaam Borger yn 'e tsjinst fan 'e bekende nijsstjoerder CNN, dêr't se as polityk kommentatrise geregeldwei op sawol CNN USA as op CNN International te sjen is. Se ferskynt yn dy hoedanichheid yn ferskate programma's, wêrûnder The Situation Room. Dêrnjonken wurke Borger lange tiid ek as bydragend redaktrise en kollumniste foar it tydskrift U.S. News & World Report.
Borger wûn yn 2008 mei oare meiwurkers fan CNN de prestizjeuze Peabody Award foar de sjoernalistyk foar it ferslach oer foarferkiezings fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008. Yn 2010 waard se nominearre foar in Emmy Award foar de sjoernalistyk foar har dokumintêre The Odd Couple, oer de abbekaten David Boies en Ted Olson. Yn 2012 wûn se mei oare meiwurkers fan CNN in Emmy yn 'e kategory 'treflik live-ferslach' foar it ferslach fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2012. Yn 2013 waard har de National Headliners Award taparte foar har dokumintêre Marriage Warriors: Showdown at the Supreme Court, oer de striid foar de ynfiering fan it homohoulik yn 'e Feriene Steaten.
Priveelibben
bewurkje seksjeBorger wennet yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., tegearre mei har man Lance Morgan, dy't in liedingjaande funksje beklaaid by in public relationsburo. Hja hawwe in soan dy't troud is mei Mary Anne Huntsman, de dochter fan 'e Amerikaanske politikus John Huntsman jr.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Profyl fan Gloria Borger op CNN.com
- (in) Folsleine filmografy fan Gloria Borger yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |