Gloster Meteor
Gloster Meteor | |
---|---|
Rol | Jachtfleantúch |
Makker | Gloster Aircraft Company |
Earste flecht | 5 maart 1943 |
Yn tsjinst | 27 july 1944 |
Ut tsjinst | 80er jierren |
Tal makke | 3947 (1943-1955) |
Grutte brûkers | Royal Air Force, Royal Australian Air Force, Belgyske Loftmacht, Argentynske Loftmach |
Farianten |
De Gloster Meteor wie de earste operasjonele Britske strieljager. It prototype fleach yn 1943. It earste tastel yn de rige boude eksemplaren waarde 27 july 1944 by it 616 Squadron fan de Royal Air Force ynset. De Meteor waard tusken 1948 en 1959 brûkt troch de Nederlânske Keninklike Loftmacht en de Belgyske loftmacht hie it tastel ek ûnder de Kâlde Oarloch.
De Meteor wie de Britske tiidgenoat en tsjinhinger fan de Dútske Messerschmitt Me-262, dy't simmer 1944 troch de Luftwaffe yn gebrûk naam wie. De earste proefflechten wiene al yn 1943. De Dútske Me-262 hie twa ko-aksiale turbines en de Meteor twa sintrifugale turbines. It wie suver en allinne in ûnderskeppingsjager út reden fan it hege brânstofferbrûk. De Derwent-motoren ferbrûkten likernôch 1800 liter kerosine de oere.
De earste Meteors waarden ynset tsjin de ûnbemanne V1 fleanende bommen. De Britten setten se net yn boppe Dútslân om foar te kommen dat der ien yn hannen fan de fijân komme soe; dêrom wie de Me-262 ek allinne aktyf boppe Dútslân.
De Meteor hie twa Rolls Royce Derwent motors. De prestaasjes fan de Meteor wienen yn 1944 útsûnderlik. It tastel helle 960 km de oere, wylst propellerfleantugen yn dy tiid op syn meast 750 km de oere helje koene. De Meteor klom nei 10.000 meter yn 7 minuten.
Nei de oarloch waarden ferskate rekords festige mei de Meteor. Group Captain Wilson helle op 7 novimber 1945 in faasje fan 975 km boppe Herne Bay yn Kent. Yn 1946 helle Group Captain Donaldson yn in Meteor F4 991 km de oere. Testpiloat Roland Beaumont helle yn 1946 de absolute topfaasje fan 1.017 km de oere.
De Meteor waard nei de Twadde Wrâldoarloch troch Grut-Brittanje útfierd. Hy waard njonken de Royal Air force ek it standert-jachtfleantúch fan de Australyske, de Belgyske en de Nederlânske loftmachten en tsjinne ek by de Israelyske loftmacht.
De Nederlânske en de Belgyske tastellen waarden ûnder lisinsje yn Nederland fan Fokker boud: 150 foar de KLu en 150 foar de BLu. Tusken 1948 en 1954 hie de Belgyske loftmacht njoggen squadrons fan 16 tastellen, ynearsten de ferzje Meteor F4, dêrnei de nijere ferzje F8. Der wie ek in nachtjagerfariant: de Meteor NF11 dy't mei radar útrisd wie.
Yn Nederlân giene sa'n 50% fan de Meteors ferlern by crashes. KLu-fleander Piet Schmidt Crans moast oant trije kear ta syn tastel ferlitte om reden fan mankeminten: by Volendam, boppe Ljouwert en ûnder Soest. Dêr stoarte syn Meteor yn in dobbe. Sa'n 600 KLu-piloaten hawwe mei de Gloster Meteor flein.
Fan de Meteor hie de Nederlânske loftmacht sa'n 260 stiks yn tsjinst. De earste generaasje hie noch gjin sjitstoel; earst de Meteor F8 krige in Martin-Baker-sjitstoel. By Fokker oan de Papaverweg yn Amsterdam-Noard en Aviolanda yn Papendrecht waarden totaal 330 Meteors boud, de earste bouwopdracht foar de Nederlânske loftfeartyndustry nei de oarloch.
Nei 1950 waard de Meteor technysk ynhelle troch nij ûnwurpen tastellen. Hy koe bygelyks net mear op tsjin de nije MiG-15's fan de Sovjets of de North American F-86 Sabre fan de Amerikanen dy't troch de lûdsbarriêre brekke koene. Pas mei de komst fan de Hawker Hunter yn 1954 soene de RAF en de BLu en de KLu supersoane fleantugen ta foldwaan krije.
Der waarden tusken 1942 en 1954 totaal 3.947 Meteors boud fan ferkate ferzjes. Fan de Meteor F8 de measten. By de RAF ferûngemakken 890 tastellen en ferlearen 450 piloaten it libben.
Technyske gegevens
bewurkje seksjeGegevens Meteor Mk.III | Gegevens Meteor NF.Mk.11 | |
---|---|---|
Type: | Strieljager | Strieljager |
Langte: | 12,58 m | 14,78 m |
Fleugelspanwiidte: | 13,11 m | 13,10 m |
Draachflak fleugels: | 34,74 m² | 34,40 m² |
Draachflakbelêsting fleugels: |
|
|
Hichte: | 3,96 m | 4,22 m |
Gewicht leech: | 4.771 kg | 5.400 kg |
Maks. startgewicht: | 6.033 kg | 9.979 kg |
Heechste faasje: | 660 km/o (op 9.150 m) mei in Welland I 793 km/o (op 9.150 m) mei in Derwent I |
931 km/o (op sa'n 10.000 m) |
Tsjinsplafond: | 13.100 m | 12.192 m |
Maks. klimfaasje: | ynearsten 10,95 m/s (Welland I), 20,22 m/s (Derwent I) | 28,20 m/s |
Fleanberik: | 2.156 km (Derwent I) | 1.580 km |
Bemanning: | 1 piloat | 1 piloat, 1 radar-ofsier |
Oandriuwing: | twa Rolls-Royce-Welland-Mk.I-strielmotors, letter twa Rolls-Royce-Derwent-Mk.I-strielmotors | twa Rolls-Royce-Derwent-Mk.8-strielmotors |
Driuwkrêft: | 2 × 8,90 kN (Derwent I) | 2 × 16,09 kN |
Bewapening: | fjouwer 20-mm-MK Hispano-Suiza HS.404 | fjouwer 20-mm-MK Hispano-Suiza HS.404, net-late raketten |
-
F.4 fan de Argentynske Loftmacht
-
F.8 fan de RAAF
-
Israelyske F.8, 1954
-
F.8 Cockpit
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gloster Meteor fan Wikimedia Commons. |