Goree
Goree (faak: Gorée) is in eilantsje op fjouwer kilometer fan Dakar, foar de kust fan Senegal. It eilân is mar 900m by 300m grut. It waard yn de 15e iuw ûntdutsen troch de Portugeeske ûntdekkingsreizger Bartolomeus Diaz.
De befolking op 31 jannewaris 2005 waard offisjeel rûsd op 1.056 ynwenners, dat betsjut 5.802 ynwenners de km², sa'n bytsje e helte fan de befolkingstichtens fan Dakar. Gorée is de lytste fan de 19 communes d'arrondissement fan Dakar.
Goree is ferneamd as reisoel fan minsken dy't ynteresse hawwe yn de Atlantyske slavehannel, mar der binne dêrwei relatyf in bytsje slaven op transport set. De wichtige plakken foar de slavehannel leine yn it noarden, yn Saint- Louis, of súdliker yn Gambia, oan de mûningen fan grutte rivieren.[1][2] It eilân stiet op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Skiednis
bewurkje seksjeIt eilân Gorée wie ien fan de earste plakken yn Afrika dêr't de Jeropeanen harren festigen, dat barde foar it earst yn 1444 troch de Portegezen. It waard troch de Feriene Nederlannen ferovere yn 1588, dêrnei wer troch de Portegezen en doe nochris troch de Nederlanners yn 1617. Sy kochten it eilân foar in habbekrats fan in lokaal opperhaad en ferneamden it nei it Súdhollânske eilân Goeree.
Goree wie in skoft yn it besit fan de West-Yndyske Kompanjy. De WIC boude twa forten op it eilantsje: fort Nassau op de Hichte en fort Oranje. It eilantsje wie fan de 16e oant de 19e iuw ien fan de sintrums fan de Trans-Atlantyske slavehannel, mar der waard ek hannele yn bijewaaks, hûden en nôtan. De Nederlanners ferlearen it eilân earst oan Ingelân yn 1664 ûnder Robert Holmes. It jier dêrop ferovere Michiel de Ruyter it fannijs. Yn 1677 kaam it eilantsje yn Frânske hannen. Yn 1758 waard it wer Ingelsk. Letter kamen de Frânsken wer dy't it by harren koloanje Senegal foegen, oant de ûnôfhinklikens fan Senegal yn 1960.
Troch de ynfloeden fan al dy ferskillende oerhearskers (Portugezen, Hollanners, Ingelsken en Frânsken) hat it eilân in bysûnder karakter krigen. De felkleurde huzen jouwe it in mediteraan oansjen, de arsjitektuer hat ek Arabyske skaaimerken. Op it eilân wenje anno 2010 sa'n 1200 minsken dêr't 800 fan moslim en 400 kristenen binne; der stiet sawol in moskee as in tskerke.
Galery
bewurkje seksje-
Fort op Goree
-
Stedssilhûet fan Dakar sjoen fan Gorée
-
Senegaleeske jonge op Goree
-
Strjitte op Goree
Keppelings om utens
bewurkje seksje- UNESCO
- Fotoos fan Goree by Flickr
- Archeologysk ûndersyk op Gorée, Rice Universiteit (in)
- Gorée and the Slave Trade, Philip Curtin, African Threads, History Net
- De besite fan George W. Bush oan Goree
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gorée fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|